City Life Church (Ljouwert)

De City Life Church is in tsjerkegebou yn Ljouwert. Oant 2018 stie de tsjerke bekend as de Salvatortsjerke. It is in in gemeentlik monumint.

City Life Church
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Arsjipelwei 133
koördinaten 53°12' N 5°48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip City Life Church
Arsjitektuer
arsjitekt E. en L.H. Reitsma
boujier 1962
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
clcleeuwarden.nl
Kaart
City Life Church (Ljouwert)
City Life Church

De City Life Church waard as de Salvatortsjerke foar de grifformearde gemeente neffens it ûntwerp fan de arsjitekten E. Reitsma en L.H. Reitsma boud. Nei't de grifformearden yn 'e oanbuorjende wyk Kammingabuorren De Skeakel bouwe lieten [1] waard De Salvator oerstallich. It tsjerkegebou waard troch de grifformearden fan 'e hân dien en sûnt 1996 yn gebrûk nommen troch de Evangelyske Gemeente.

It oarspronklike oargel fan De Salvator waard yn 1966 boud troch de firma L. Verschueren út Heythuysen. Yn 2003 ferhûze de firma Slooff út Lekkerkerk it instrumint nei de Paulustsjerke fan Gouda.[2]

Yn 2014 ûndergyng it ynterier fan 'e tsjerke in renovaasje, dêr't likernôch santich frijwilligers oan meiwurken. Feroarings wiene in grutter poadium, in ferbettere akûstyk, nije ferljochting en de tsjerke krige in klimaatsysteem.[3]

Karakteristyk foar de oan 'e City Life Church oansletten gemeente is dat in soad leden fan 'e tsjerke jonge minsken binne. De tsjerke hat 550 sitplakken. Neffens eigen sizzen fan 'e City Life Church komme der sneins trochinoar 350 folwoeksenen en 130 jongeren op 'e tsjerketsjinsten ôf.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reliwiki
  2. www.pauluskerkgouda.nl
  3. Reformatoarysk Deiblêd
  4. Wie gaat waar naar de kerk?, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 37.