Clément Ader (Muret, 2 april 1841Toulouse, 5 maart 1925) wie in iere Frânsk fleanmasinebouwer en útfiner.

Clément Ader, 1922
Éole III

Ader is fral ferneamd wurden fanwege syn pionierswurk yn de loftfearttechnyk.

De yngenieur Clément Ader makke yn Frankryk sekuer stúdzje fan de lichemsbou fan de Fleanende Foks (Pteropus giganteus), in grutte soarte flearmûs. Hy boude in mechanyske reuzeflearmûs oandreaun troch in stoommotor: de Eole. De wjukken wienen makke fan in rekber seil dat tusken houten latten spand wie; sy koenen fâlde wurde. Op 9 oktober 1890 fleach er mei it tastel op in hichte fan in pear sintimeter fan de grûn in 50 meter. Dêrnei crashte it tastel en dêrtroch waard er net ferneamd as de earste fleander (it wie 13 jier foar de Bruorren Wright har' earste flecht).

De namme fan in letter model fan Clément Ader, de Avion, kaam yn it Frânsk yn it plak fan aéroplane, dat oant dan ta it wurd foar 'fleanmasine' wie.

Ader wie ek pionier op it mêd fan de telefony.

Fierders boude Ader auto's en motoaren.

L'Aviation Militaire

bewurkje seksje

Clément Ader wie in warber foarstanner fan de ûntjouwing fan de fleanderij. Yn 1909 brocht er it tige populêre boek L'Aviation Militaire út, dat yn fiif jier tsienris werprinte waard. It boek is opmerklik fanwege syn fyzje op loftoarlogjen en it foarsizzen fan it moderne fleandekskip mei alles dêrop en dêroan (plat fleandek, liften, hangardekken, ensafuorthinne). Syn idee foar in fleandekskip waard foarlein oan de Marine-attasjee fan de Feriene Steaten yn Parys.

  • Lissarague, Pierre, Ader, Inventor of Aeroplanes. Tolouse, Frankryk: Éditions Privat, 1990
  • Lissarague, Pierre, Pegasus, the magazine of Musee de l'Air, Nos. 52, 56, 58, . (Artikels oer de restauraasje fan Ader's Aeroplane 3 en oer it testen fan motoren en propellers.)
  • Pierre Lissarague en J. Forestier, Icarus an article on restoration of Ader's Avion 3,, No. 134 (October 1990).
  • Gibbs-Smith C.H., Clement Ader, his Flight Claims and His Place in History. Londen: HMSO, 1968,
  • Gibbs-Smith C.H., Aviation: An Historical Survey. Londen, NMSI, 2008. ISBN 1-900747-52-9

Keppelings om utens

bewurkje seksje