Claude (Claudius) Honoré Desiré Dornier (Kempten, Landkreis Oberallgáu, 14 maaie 1884 - Zug, 5 desimber 1969) wie in Dútske loftfeartpionier en fleantúchbouwer. It fleantúchbedriuw Dornier waard nei him neamd. Dornier hie de Frânske nasjonaliteit en waard yn 1913 naturalisearre ta Dútser.

Claude Dornier
Dornier yn 1930
Dornier yn 1930
persoanlike bysûnderheden
echte namme Claude Honoré Desiré Dornier
nasjonaliteit Frânsk
Dútsk
berne 14 maaie 1884
berteplak Kempten
stoarn 5 desimber 1969
stjerplak Zug
wurkpaad
berop/amt Fleanmasinebouwer
De Do X yn 1929

Yn 1910, trije jier nei it ôfmeitsjen fan syn oplieding oan de technyske universiteit fan München, kaam Dornier yn tsjinst fan it loftskipfabryk Luftschiffbau Zeppelin GmbH yn Friedrichshafen. Yn 1911 ûntwurp er in folslein metalen fleantúch en Ferdinand von Zeppelin joech him de lieding oer de "Abteilung Do", in aparte difyzje binnen it bedriuw.

Dornier rjochte him benammen, mar net allinnich, op de bou fan fleanboaten. Yn 1925 ferkende de poalreizger Roald Amundsen de Noardpoal mei in Dornier Wal-fleanboat.

Yn 1929 yntrodusearre Dornier de Dornier Do X, doe de grutste fleanmasine fan de wrâld. Yn 1931 fleach it tastel, dat 169 passazjiers ferfiere koe, fan Dútslân nei New York. Fanwegen de hege kosten waard de Do X gjin kommersjeel sukses.

Nei't Dútslân him fannijs bewapene wreide it Dornier-fabryk him fan 1933 ôf oan út. Nei politike druk sleat er him yn 1940 by de Nazi partij oan. Syn bedriuw makke yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch de Dornier Do 17, dy't mei de Junkers Ju 88 en de Heinkel He 111, ien fan de wichtichste bommesmiters fan de Dútske Luftwaffe wie. Nei de oarloch, by de denazifikaasje fan Dútslân waard Claude Dornier klassifisearre as in Mitläufer (in 'meirinner' út opportunisme).

Dornier Do 27

Doe't yn it nei-oarlochske Dútslân de bou fan fleantugen troch de alliearden ferbean waard, fêstige Dornier in fabryk yn Spanje dy't de basis fan it nije fleantúchfabryk fan Dornier wurde soe.

Koart nei de opheffing fan it ferbod yn 1955 iepene Dornier in fabryk by München. Dêr waard de Dornier Do 27 produsearre; in tastel dat brûkt wurde koe as ferkennings -, ambulânse - of transportfleantúch.

Yn 1962 luts Dornier him werom út de lieding fan it bedriuw. Nei syn dea op 5 desimber 1969 gie de Dornier-groep oer op syn widdo en seis soannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: