Cock Robin is in Amerikaanske pop/rock-formaasje dy't oprjochten is yn 1984 en ûnder lieding stie fan Peter Kingsbery (sang, keyboard en bas). Fierder makken Anna LaCazio (sang), Clive Wright (gitaar) en drummer Lou Molino III diel út fan de orizjinele besetting. Yn Nederlân waard de band foaral bekend troch in soad publisiteit fan MTV en trochdat de nûmers The promise you made, Thought you were on my side en When your heart is weak in soad draaid waarden op de tongersdeis troch de TROS en de freeds troch Veronica op Radio 3.

Cock Robin

De groep soe yn Jeropa úteinlik in stik suksesfoller wêze as yn de Feriene Steaten sels. Dit kaam ûnder oaren troch harren suksesfolle Jeropeeske toer, se ha ek op Pinkpop spile. Boppedat stie harren muzyk ûnder ynfloed fan de Jeropeeske popmuzyk dy't op dat momint makke waard en sieten der bygelyks dúdlike ferwizingen yn nei dy muzyk. Anna LaCazio sei yn in ynterview op de bân fan "Live at the Rex" dat in soad minsken tochten dat sy en Peter út it Feriene Keninkryk kamen ynstee fan de FS.

Cock Robin brocht fiif studioalbums út. Harren grutste hits yn Nederlân wiene The promise you made (nûmer ien), Thought you were on my side en When your heart is weak. De earste LP/cd Cock Robin helle platina yn Nederlân.

De wichtichste kenmerken fan de desertrock fan Kingsberry, dy't alle nûmers op de trije albums skreau, binne it romtlike lûd en it gefoel foar drama en passy.

Yn 1990 gie de groep útinoar. LaCazio woe op dat stuit de muzykwrâld út en Peter Kingsberry gie nei Frankryk ta, dêr't hy aktyf en suksesfol bleau as solo-artyst. Clive Wright is ek noch aktyf, foaral as komponist en produsint, mar ek as gitarist yn in bluesband. Ek Lou Molino bleau drummen, ûnder oaren mei de produsint fan Yes en Mr. Mister. LaCazio makke nei 1989 inkelde solo-opnamen, dêrfan ferskynde lykwols in hânfol op cd.

Cock Robin waard yn 2006 wer nij libben ynblaasd troch Anna LaCazio en Peter Kingsberry. Lou Molino en Clive Wright seagen hjir fan ôf. It album I don't want to save the world waard útbrocht, dêr't it typyske lûd fan Cock Robin op werom te hearren wie. Der kaam ek in toernee, mei foaral in soad konserten yn Frankryk.

It album levere lykwols net it sukses op dêr't op hope waard, wat der foar soarge dat it stil bleau oant 2009. Yn de maitiid fan dat jier ferskynde in live-album Live mei opnamen fan it toernee fan 2006. Der folge op 'e nij in toer yn Frankryk.

Op 13 juny 2009 hat Cock Robin in optreden jûn op it 'Back-to-the-80's' festival yn Emmen oan de Grutte Reidplasse, dat yn lettere edysjes Retropop naam waard. By dat optreden wiene likernôch 8.000 besikers. Yn in ynterview mei Luuk Blikman fan Radio Emmen sei Peter Kingsberry dat de namme fan de band ôflaat wie fan it ferhaal The Marriage of Cock Robin and Jenny Wren út de 17e iuw.

Yn 2011 wie der wer in toernee. Der waarden foar it grutste part optredens jûn yn Frankryk, mar ek yn Belgje en Switserlân waard spile.

It Frânske magazine Topo meldde dat Anna LaCazio Cock Robin ferlitten hat yn maaie 2015. Kingsbery gie werom nei Frankryk en LaCazio keas derfoar om yn de FS te bliuwen om sa tichter by har famylje wêze te kinnen.[1]

Op de Frânske webside fan Cock Robin meldde Kingsbery dat de Frânske sjongeres Coralie Vuillemin keazen wie as de nije sjongeres fan de groep. It lêste album Chinese Driver waard op 11 maart 2016 útbrocht.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: