Coen Bekink
Coenraad Herman (Coen) Bekink (Nymwegen, 3 septimber 1922 – dêre, 5 febrewaris 1996), yn fakliteratuer ek wol C.H. Bekink neamd, wie in Nederlânsk architekt en stêdeboukundige, dy't fral út Grins wei yn it noarden fan Nederlân wurke.
Coen Bekink | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Coenraad Herman Bekink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 septimber 1922 | |
berteplak | Nymwegen | |
stoarn | 5 febrewaris 1996 | |
stjerplak | Nymwegen | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Arsjitekt |
Bekink, waans styl wol omskreaun is as '"byldzjend funksjonalisme"', ûntwurp ferskate roomsk-katolike tsjerken, wêrfan syn Mariakerk (1959-1960) yn Grins as ien fan de ferneamdste jildt. Hy ûntwurp ek katolike tsjerken yn Drachten (1963) en Emmen (1965). Bekink wie teffens dwaande mei wenningbou, ûnder mear yn de Grinzer wiken Corpus den Hoorn en Lewenborg, yn Dimter, Winsum en Zoetermeer. As stêdeboukundige wie er ek belutsen by it ûnwerp fan de wenwyk Beijum yn Grins.
Galery
bewurkje seksje-
De eardere RK-tsjerke Mariakerk (1959-1960) yn de Grinzer wyk Corpus den Hoorn yn 2012. Ynspirearre troch it wurk fan Le Corbusier (1887-1965)
-
Godlike Ferlossertsjerke, Drachten
-
Protestantske tsjerke Hoogkarspel tegearre mei Jan Bijlefeld
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Coen Bekink fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|