Colmar
Colmar is op Straasburch en Mülhausen nei de grutste stêd fan de Elzas en de haadstêd fan it departemint Haut-Rhin yn de Frânske regio Grand Est.
Colmar | |
---|---|
Fakwurkhûzen yn Colmar | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Grand Est |
Arrondissemint | Colmar-Ribeauvillé |
Sifers | |
Ynwennertal | 69.105 (31.12.2017) |
Oerflak | 66,57 km² |
Befolkingstichtens | 1.038 / km² |
Hichte | 175-214 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.colmar.fr |
De stêd leit yn in wyngebiet en is ferneamd fanwegen it goed bewarre arsjitekturale erfskip út seis iuwen en foar de musea yn de stêd. It neamen wurdich it it Unterlinden-Museum mei it Isenheimer alter. Colmar is de stêd dêr't ferneamde keunstners lykas Martin Schongauer, Frédéric-Auguste Bartholdi, Ernst Stadler en Jean-Jacques Waltz berne binne.
De stêd waard yn 823 foar it earst dokumintêr fêstlein, Yn 1226 krige de stêd fan keizer Freark II de status fan frije ryksstêd. Mei de Frede fan Nijmegen yn 1679 waard Colmar oan Frankryk tawiisd.
Demografy
bewurkje seksjeJier | 1793 | 1821 | 1841 | 1861 | 1875 | 1890 | 1910 | 1946 | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1999 | 2007 | 2017 |
Ynwenners | 13.000 | 14.300 | 19.908 | 22.629 | 23.990 | 30.399 | 43.808 | 46.124 | 52.355 | 59.550 | 64.771 | 62.483 | 65.118 | 66.560 | 69.105 |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe wyk Petite Venise leit oan it rivierke de Lauch en is ryk oan de fakwurkhûzen. Karakteristyk binne ek de wiken Quartier des Tanneurs (Learloaierswyk) en de Quartier de la Poissonnerie (Wyk fan de fiskôfslach). Oan it Place du Cathédrale steane in tal 16e-iuwske hûzen.
- Yn de Rue Mercière stiet it Maison Pfister, in gebou út 1537.
- It Maison des Têtes yn de Rue des Têtes is in monumintaal hûs út it begjin fan de 17e iuw, dat fersierd is mei in grut tal koppen.
Tsjerken
bewurkje seksje- Alhoewol't Colmar nea de sit west hat fan in biskop wurdt de Eglise St.-Martin ek wol Cathédrale Saint-Martin neamd. De monumintale tsjerke stiet ek bekend as Collégiale Saint-Martin om 't de tsjerke yn it ferline in kollegiale tsjerke wie.
- Yn de Dominikanertsjerke hinget de Madonna im Rosenhag (La vierge au buisson de roses; Madonna yn de roazetún), in wurk fan Martin Schongauer út 1473.
- Fanwegen de goede akûstyk wurdt yn de protestantske Eglise St.-Mathieu, in Fransiskaanske kleastertsjerke út de 14e iuw, alle jierren in ynternasjonaal muzykfestival organisearre.
- It 14e-iuwske Couvent Sainte-Catherine (ek bekend ûnder de namme Eglise des Catherinettes) oan de Rue Kléber tsjinne oarspronklik as kleastertsjerke fan de dominikanessen fan Sint-Katarina. It kleaster waard mei de Frânske Revolúsje sletten.
Musea
bewurkje seksje- It Musée d'Unterlinden oan de Rue des Unterlinden yn de 13e-iuwske kleastergebouwen fan de Dominikanessen is fral bekend fanwegen it Isenheimer alter fan Matthias Grünewald.
- It Musée Bartholdi oan de Rue des Marchands is wijd oan de Frânske byldhouwer Frédéric Auguste Bartholdi, de ûntwerper fan it Frijheidsbyld yn New York.
-
Maison Pfister -
Kop oan it Maison des Têtes" -
Fakwurkhûzen -
Madonna im Rosenhag -
Eglise St.-Martin -
Musée d'Unterlinden: Isenheimer alter -
Saint-Matthieu
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Colmar fan Wikimedia Commons. |