Comanche (stripferhaal)

Comanche is in fan oarsprong Frânsktalige, realistysk tekene rige stripferhalen dy't harren ôf spylje yn it Wylde Westen. De rige is oant 'e mei diel tsien fan de hân fan tekener Hermann, dy't der yn 1969 mei úteinset is. De lettere dielen binne troch oaren tekene. It senario fan alle ferhalen is fan Greg.

Personaazjes

bewurkje seksje

Comanche is de eigenerske fan de "Triple Six" ranch yn Wyoming út de 19e iuw. By har binne ferskate manlju yn tsjinst dêr't yn 'e ferhalen einliks om draait. De wichtichste persoan yn de rige is Red Dust, dy't foarman is op 'e ranch en eartiids revolverheld. De oare persoanen binne Ten Gallons, sechtich kilo fersliten skonken en in soad bravoer, Clem Tenderfoot, begjinneling en Toby, in neger.

Doe't de earste dielen ferskynden barde dat opsjen troch it rauwe geweld dat sjen litten wurdt. Dat geweld wurdt troch tekener Hermann op in filmyske wize yn byld brocht en hat in protte oerienkomsten mei de spagetty westerns.

De rige wurdt útjûn troch Le Lombard.

  • 1. Red Dust, (Greg / Hermann)
  • 2. Wanhoop en dood op de prairie, (Greg / Hermann)
  • 3. De wolven van Wyoming, (Greg / Hermann)
  • 4. De hemel is rood boven Laramie, (Greg / Hermann)
  • 5. Nacht over de woestijn, (Greg / Hermann)
  • 6. De opstand, (Greg / Hermann)
  • 7. Duivelsvinger, (Greg / Hermann)
  • 8. De sheriffs, (Greg / Hermann)
  • 9. En de duivel brulde van vreugde, (Greg / Hermann)
  • 10. Het lijk van Algernon Brown, (Greg / Hermann)
  • 11. De roofdieren, (Greg / Michel Rouge)
  • 12. De driezijdige Dollar, (Greg / Michel Rouge)
  • 13. De kermis der wraak, (Greg / Michel Rouge)
  • 14. De ruiters van dead river, (Greg / Michel Rouge)
  • 15. Red Dust express, (Rodolphe / Michel Rouge)
  • S01. De gevangene, (Hermann / Hermann)