Conny Kraaijeveld

Conny Kraaijeveld (Utert, 3 maart 1965) is in Nederlânske radiopresintatrise.

Yn it begjin fan har karriêre trede Kraaijeveld in jûn op as toetseniste by Radio West yn har doetiidske wenplak Rijswijk. Troch dit optreden kaam se yn kontakt mei de omrop RTV Utrecht, dêr 't se úteinlik tolve jier wurke. Nei 't se by Radio West fuortgien wie, wurke se noch in jier by John de Mol Producties, wêrnei't se yn 2000 begûn by Radio M Utrecht as kultuerferslachjouster.

Anno 2011 presintearret sy alle dagen it radioprogramma Aan Tafel! by it Uterke omropbedriuw RTV Utrecht. Kraaijeveld wie fan 2005 oant 2011 troud mei Claudia de Breij mei wa't sy in soan hat.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: