Consolidated Commodore

Consolidated Commodore


Rol Ferkearsfleantúch
Makker Consolidated Aircraft
Untwerper Isaac M. Laddon
Earste flecht 28 septimber 1928
Yn tsjinst 1930
Ut tsjinst
Tal makke 14
Brûkers Pan American Airways
Farianten Consolidated P2Y

De Consolidated Commodore wie in Amerikaanske fleanboat boud by Consolidated Aircraft dy't yn de jierren 30 foar passazjiersferfier brûkt waard, foaral yn it Karibysk Gebiet, troch loftfeartmaatskippijen lykas Pan American Airways

Kabine fan de Commodore

De Commodore "Clipper", in pionier fan de lange-ôfstâns fleanmasineyndustry, ûntstie út in priisfraach fan de Marine yn de tweintiger jierren om in fleantúch te ûntwerpen dat nonstop flechten tusken it fêstelân fan de FSA en Panama, Alaska en Hawaiï útfiere koe. As antwurd op dy easken kaam Consolidated yn jannewaris 1929 mei it prototype XPY-1 Admiral, in ûntwerp fan yngenieur Isaac M. Laddon[1]. Consolidated krige it kontrakt mei de Marine lykwols net, dat gie nei de Glenn L. Martin Company. Martin makke ien prototype XP2M en boude noch njoggen P3Ms. Dy tastellen hiene wichtige feroarings ferlike mei eardere fleanboaten lykas bygelyks de Curtiss NC.

Doe't it Marinekontrakt oer gie, kaam Consolidated mei in passazjiersferzje fan de XPY-1, dy't bekend wurde soe as de Commodore. Dat tastel, in heechdekker mei in folslein metalen romp, hie plak foar 32 passazjiers en in bemanning fan trije. It maksimale tal passazjiers, ferparte oer trije kabines, koe allinne op betreklik koarte flechten meinaam wurde. Op in flecht fan 1000 milen koe de fleanboat wierskynlik mar 14 minsken meinimme, de bemanning meirekkene. De fleugel en it sturtflak wie fan in metalen frame beklaaid mei linnen sa'doe wenst wie, útsein de foarrâne dy't wol fan metaal wiene. De Commodore hie opfallende ferskillen mei de XPY-1. Sa hie er krêftiger motors, in oare rompfoarm en strukturele ferbetteringen.[2]

De XPY-1 en syn tsjinhinger, de Commodore, kinne beskôge wurde as de foargongers yn in rige fleanboatûntwerpen dy't laten ta de ferneamde Consolidated PBY Catalina.

Model 16
Oant 18 passazjiers en trije bemanningsleden.
Model 16-1
Oant 22 passazjiers in bemanning fan trije.
Model 16-2
Oant 30 passazjiers en in bemanning fan trije.

Technyske gegevens (Commodore 16-1)

bewurkje seksje
 
Consolidated Commodore
  • Langte: 18,75 meter
  • Spanwiidte; 30,48 meter
  • Hichte: 4,78 meter
  • Fleugeloerflak: 103 m²
  • Gewicht leech: 4.716 kg
  • Maks. startgewicht: 7.980 kg
  • Motors: 2 × Pratt & Whitney Hornet stjermotors fan 575 hk it stik
Prestaasjes
  • Maks. faasje: 206 km/o
  • Maks. fleanberik: 1.700 km
  • Maks. fleanhichte: 3050 meter
  • Klimfaasje: 3 m/sek
  • Passazjiers: oant 22
  • Bemanning: 3
  ARG
  • NYRBA-Argentina (Trimotor Safety Airways, Inc.)[3]
  • SANA (Sociedad Argentina de Navegación Aérea)[4]
 
  • Bahamas Airways[5]
  BRA
  ROC
  USA

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.vectorsite.net/avmars.html
  2. O'Neill "A Dream of Eagles" s. 108, 136, 206-209, 286
  3. url=http://loudandclearisnotenought.blogspot.com.ar/2011/06/r-acwz-consolidated-16-commodore-cn-1.html
  4. url=http://aviation-safety.net/database/record.php?id=19401214-0
  5. url=http://aviation-safety.net/database/types/Consolidated-16-Commodore/index
  6. cite journal|magazine=Popular Aviation|date=September 1930
  7. url=http://panairbr.blogspot.com/2012/08/consolidated-commodore-16-pp-pao.html
  8. url= http://www.logbookmag.com/databases/articles.asp?ID=91&CatID=47
  9. url= http://www.airhistory.org.uk/gy/reg_PP-.htm}
  10. url= http://www.cnac.org/aircraft16.htm
  11. url=http://www.ruudleeuw.com/qa.html