Cormick is in Fryske gitaar-rockband dy't yn 2000 oprjochte is.

Cormick hat optredens fersoarge op ûnder oaren Klinkslach yn Koudum, it 'Noord Nederlands liedjesfestival' yn Assen en Easterwâlde, Strandpop op De Skâns, Lytske Aaipop yn Nijlân en de Lytse priis fan Snits yn Bakhuzen ensafuorthinne.

Yn de simmer fan 2001 makke Cormick yn eigen behear har earste demo cd yn studio Btys. Dizze cd hat de namme Tessa krigen. In jier letter waard yn de Landscape studio te Gau de cd Soup-Pain-Grφt-Tin-Bray opnommen. Cormick bestiet út (âld)leden fan de Kloft, Lethargy en de band Xigatze.

  • Jan Tiemersma (slachreau)
  • Leo Smit (basgitaar en sang)
  • Hedser Jan Tijtsma (gitaar en sang)