Cottagestyl
De cottagestyl is in boustyl dy't yn de 19e iuw yn Ingelân ûntstie. De styl wie in romantyske reaksje op de Yndustriële Revolúsje dy't doe bot opgong makke. Dat fakmanskip en hânwurk stiene sintraal by de bou.
Nei 1840 waaide de styl oer nei it fêstelân fan Jeropa. Yn Belgje, fral oan de Flaamske kust, en Nederlân waarden huzen yn de cottagestyl set.
Bekende arsjitekten fan dizze styl binne ûnder oaren Gaston Lejeune, dy't ien fan de ferneamdste cottages oan de Westkust ûntwurp, Filla Belvédère yn Oostduinkerke. Teffens wiene in soad ûntwerpen fan bygelyks Foeke Kuipers yn de cottagestyl. Ek no is de arsjitektuer fan filla-apparteminten wol ynspirearre op dy Anglo-Normandyske cottagestyl.