D' Alde Pastorij
d' Alde Pastorij is in histoarysk gebou oan de Tolhúswei op De Jouwer.
De eardere grifformearde pastorij stiet op de hoeke fan 't Syl by de eardere brêge, foar It Tolhûs oer.
It monumintale gebou waard om 1880 hinne boud foar in bûntkeapman. It waard dêrnei bewenne troch dûmny's. Neidat der yn de oarloch in pear ûnderdûkers yn sieten waard it gebou brûkt troch in timmerman, foar ynwenning en in toskedokterspraktyk. Ein tweintichste iuw hat it earst in skoft troch kreakers bewenne west, dêrnei waard it tichttimmere. Yn 2010 waard renovearre en krige it de hotelbestimming 'Herberg Joure'. De herberch waard yn july 2011 iepene troch âld-Jouster Charles Groenhuijsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |