D.C. Lewis
D.C. Lewis, skûlnamme fan Ruud Eggenhuizen (Arnhim, 27 jannewaris 1947 - dêre, 28 april 2000) [1], wie in Nederlânsk sjonger. Hy waard ferneamd fan syn nûmer 1-hit Mijn gebed[2], wêrmei't er yn 1970 sechtjin wiken yn in de Nederlânske Top 40[3] stie en ek trettjin wiken yn de Hilfertsom 3 Top 30, wêrfan fjouwer wiken op nûmer 1.
D.C. Lewis | ||
sjonger en/of muzikant | ||
D.C. Lewis (1970) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ruud Eggenhuizen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 jannewaris 1947 | |
berteplak | Arnhim | |
stoarn | 28 april 2000 | |
stjerplak | Arnhim | |
wurkpaad | ||
sjenre | jankfodden | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
grutste hit(s) | Mijn gebed |
D.C. Lewis die yn 1970 mei it liet Linda mei oan it Nasjonaal Songfestival, mar waard net ôffurdige nei it Eurofyzjesongfestival.[4] Letter hie er noch twa lytse hits, Zijn testament (#23 yn de Top 40 en #24 yn de Top 30) en Eva Magdalena (#33 yn de Top 40). Dêrnei trede Lewis noch in skoft op mei de Dance and Showband fan José Marcello.[5]
Yn de jierren '80 waard by Eggenhuizen fibromyalgy fêststeld. Hy stoar yn de âldens fan 53 jier oan in hertstilstân en waard beïerdige op it Arnhimske begraafplak Moscowa[6]
Hitnotearring
bewurkje seksje"Mijn gebed" 24-01-1970 o/m 18-04-1970 | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Wike: | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | |
Plak: | 10 | 1 | 1 | 1 | 1 | 3 | 3 | 4 | 9 | 15 | 16 | 21 | 26 | derút |
"Zijn testament" 11-07-1970 o/m 18-07-1970 | |||
---|---|---|---|
Wike: | 1 | 2 | |
Plak: | 25 | 24 | derút |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|