D.C. Lewis

(Trochferwiisd fan DC Lewis)

D.C. Lewis, skûlnamme fan Ruud Eggenhuizen (Arnhim, 27 jannewaris 1947 - dêre, 28 april 2000) [1], wie in Nederlânsk sjonger. Hy waard ferneamd fan syn nûmer 1-hit Mijn gebed[2], wêrmei't er yn 1970 sechtjin wiken yn in de Nederlânske Top 40[3] stie en ek trettjin wiken yn de Hilfertsom 3 Top 30, wêrfan fjouwer wiken op nûmer 1.

D.C. Lewis
sjonger en/of muzikant
D.C. Lewis (1970)
D.C. Lewis (1970)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ruud Eggenhuizen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 jannewaris 1947
berteplak Arnhim
stoarn 28 april 2000
stjerplak Arnhim
wurkpaad
sjenre jankfodden
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) Mijn gebed

D.C. Lewis die yn 1970 mei it liet Linda mei oan it Nasjonaal Songfestival, mar waard net ôffurdige nei it Eurofyzjesongfestival.[4] Letter hie er noch twa lytse hits, Zijn testament (#23 yn de Top 40 en #24 yn de Top 30) en Eva Magdalena (#33 yn de Top 40). Dêrnei trede Lewis noch in skoft op mei de Dance and Showband fan José Marcello.[5]

Yn de jierren '80 waard by Eggenhuizen fibromyalgy fêststeld. Hy stoar yn de âldens fan 53 jier oan in hertstilstân en waard beïerdige op it Arnhimske begraafplak Moscowa[6]

Hitnotearring

bewurkje seksje
"Mijn gebed" 24-01-1970 o/m 18-04-1970
Wike: 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13
Plak: 10 1 1 1 1 3 3 4 9 15 16 21 26 derút
"Zijn testament" 11-07-1970 o/m 18-07-1970
Wike: 1 2
Plak: 25 24 derút

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stambeam Maarten Meulendijks mei foto's Eggenhuizen, syn earste frou Paulien Niemeyer, âldste soan Waldo en pakesizzer Yara Cindell Eggenhuizen
  2. Knipsel Volkskrantblog "Gebed Zonder Eind" 29-12-2007 mei ferwizings nei boarnen
  3. Nederlandse Top 40 Jaarlijsten 1970, 1971
  4. Eurovision Artists: D.C. Lewis - Linda 3e plak mei 2 punten by it Songfestival fan 1970
  5. Biografy Encyclopedie Muziek Centrum Nederland
  6. Foto grêf.