DZ&PC
DZ&PC, de Drachtster Zwem & Polo Club út Drachten is de grutste swimferiening fan it Noarden. De by de KNZB oansletten club is oprjochte op 2 septimber 1970.
Binnen DZ&PC kinne ferskillende ôfdielingen keazen wurde: wedstrydswimmen, wetterpolo, Master swimmen, syngroanswimmen, triatlon, rêdingsbrigade, RES en ûnderwettersport. Op it heden hat DZ&PC sawat 750 leden ferdield oer alle ôfdielingen. Foar kommunikaasje mei har leden en relaasjes is der njonken de webstee it clubblêd de 'Pinguin' dat tsien kear yn 't jier ferskynt.
Akkommodaasje
bewurkje seksjeDZ&PC swimt yn swimbad 'de Welle' en hat dêr in eigen clubhûs. 'de Welle' hat bûten it subtropyske gedeelte en twa lytse lesbaden teffens in oerdekt 50-bad mei acht banen.
Wedstrydswimmen
bewurkje seksjeDe ôfdeling wedstrydswimmen fan DZ&PC hat yn it ferline bekende topswimmers yn de seleksje hân mei nammen as Berber Kamstra, Anneke de Jong, Angela Postma, Wilco v/d Akker, Paula Boot en Inge Dekker, dy't allegear ynternasjonale prestaasjes leveren. De hjoeddeiske seleksje (2006) is toanoanjouwend yn it Noarden en kin nasjonaal de striid oan mei fêstige toppers. Op dit momint swimme der twa nasjonale kampioenen by DZ&PC, dy beide op de Nederlânske Simmerkampioenskippen 2006 yn Eindhoven goud by de senioaren wûnen: Arjen v/d Meulen (1500m frije slach) en Margriet Zwanenburg (100 en 200m skoalslach). Dêrneist binne der ek noch inkele medaljewinnende swimmers by de junioaren/jeugd as: Jaap v/d Vegte, Jurjen Smits, Chris van Vliet en Albert Dijkstra
De swimselectie bestiet út sawat 95 swimmers en swimsters dy ’t meiinoar sa’n 50 oant 60 swimwedstriden yn’t jier swimme. DZ&PC komt yn de Nederlânske swimkompetysje yn ferskillende klassen út. It earste team fan DZ&PC swimt no sân jier efter inoar yn de heechste kompetysje fan Nederlân, de saneamde A-kompetysje. It twadde team fan DZ&PC swimt al trije jier yn de lanlike C-kompetysje. It tredde team swimt yn de Distrikt-2 kompetysje.
DZ&PC komt út yn Kring Fryslân, en is de meast súksesfolle feriening op dit momint. By de Fryske Kampioenskippen Swimmen wint DZ&PC de lêste jierren steefêst it medaljeklassemint.
Treningen
bewurkje seksjeTroch de distriktswimmers wurdt twa ta trije oeren deis treend. De junioaren en jeugd swimme 5-8 oeren yn’e wike en de senioaren swimmers/sters trene acht oant maksimaal tweintich oeren wyks. Dêrneist hat de feriening in eigen krêfttreningsfasiliteit en is der de mooglikheid ta krêfttrening yn in sportskoalle.
Wedstriden
bewurkje seksjeDer wurde alle jierren in oantal sintrale krêfttreningen en treningsstaazjes hâlden yn Drachten. Dan binne ek de Fryske Sprint- en Simmerkampioenskippen. Dêrneist wurde der noch 15 à 20 wedstriden op jierbasis organisearre yn Drachten, fariearend fan Speedo, kompetysje en limytwedstriden oant Nasjonale kampioenskippen.