Daan van Zomeren (Ljouwert 1948) is in byldzjend keunstner út Ljouwert. De autodidaktyske skilder makket sûnt 1980 skilderijen. Syn wurk kin romantysk-realistysk neamd wurde. Underwerpen binne faak portretten en stillibbens en benammen stedsgesichten dy't der faak wat idealisearre werjûn binne. Sa skildere hy in soad stedsgesichten fan Ljouwert. Sa binne bygelyks de Beurs, Emmakade, Brol en de Prinsetún al op doek ferivige.

Singelwinter
Emmakade by jûnljocht

Syn fantasij by de realistyske wurk brûkt Van Zomeren foar de wurking fan ljochtfal, komposysje en stoffearring fan de ûnderwerpen. In eksposysje van him wie de sjen yn de iepenbiere bibleteek fan Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: