Dan (rivier)
De rivier de Dan (Hebriuwsk: דן dan, Arabysk:اللدان leddan) is de grutste boarnerivier fan de Jordaan.[1] De rivier ûntspringt út ferskate boarnen ûnder de grûn by de Tel Dan.[2]
De rivier waard sa ek neamd nei de Israelityske stêd Dan (doe noch Laish hjitten en fan Kanaäniten bewenne), dy't fan de stam Dan ferovere waard yn de tiid fan de Rjochters.
De Dan stjoert oant 238 miljoen kúb wetter it jier nei de Hulahdelling. Yn 1966 wie er diskusje tusken de wetterplanners en de natuerbeskermers oer it gebrûk fan de rivier. Trije jier fan prosesfieren wiene it gefolch mei as resultaat it stichten fan in beskerme natuergebiet fan sa'n 120 km² by de boarne fan de rivier, it Tel Danreservaat.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Tel Dan [1], Department foar Joadsk Sionistysk Underwiis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|