Dance4Life (organisaasje)

Dance4Life (dance4life) is in ynternasjonale organisaasje dy't mei jonge minsken de striid tsjin hiv en aids oangiet. Mear as de helte fan de hiv-ynfektearden is jonger dan 25 jier. Dance4life rjochtet him dêrom op dy generaasje. It inisjatyf foar dance4life kaam yn 2003 van Ilco van der Linde en Dennis Karpes.[1]

Skoalleprojekten

bewurkje seksje

dance4life organisearret yn de hiele wrâld skoalprojekten om jongeren bekend te meitsjen mei hiv en aids; yn Nederlân dogge tsientûzenen learlingen mei oan it projekt schools4life. Neist ynformaasje krije geane se ek sels oan de slach om fia act4life jild te sammeljen foar hiv en aidsprojekten yn de swierst rekke gebieten. Schools4life wurdt ôfsluten mei in grut feest, dêr't alle aktive learlingen by elkoar komme. Sy dûnsje net tsjin aids, mar no krekt ‘foar it libben’ en hawwe in satellytferbining mei dance4life-jongeren oeral yn de wrâld.

Yn Nederlân organisearre dance4life yn 2009 it projekt class4life, dêr't klassen yn it tsjin elkoar opnimme. De bêste klasse giet op projektreis nei ien fan de troch dance4life stipe projekten.

Ambassadeurs

bewurkje seksje

dance4life wurdt steund troch in protte politisi, geastliken, artysten en ferneamde persoanen yn de hiele wrâld. Yn Nederlân hat dance4life de neikommende ambassadeurs: Benjamin Bates, Don Diablo, Doutzen Kroes, Fedde Le Grand, Giel Beelen, Jesse Voorn, Miljuschka Witzenhausen, Nikkie Plessen, The Partysquad, Tiesto en ZoëXenia.

  1. www.dance4life.nl

Keppeling om utens

bewurkje seksje