Daniël de Blocq van Scheltinga (1621-1703)

Daniel de Blocq van Scheltinga (21 desimber 1621 - 27 jannewaris 1703) soan fan Livius van Scheltinga, sekretaris fan de Steaten fan Fryslân, en fan Anna de Blocq.

Nei syn stúdzje yn Frjentsjer en oare plakken, promovearre er op 26 septimber 1642 yn Angers (Frankryk) yn de rjochten. Dêrnei reizge twa jier troch Frankryk, Itaalje, Switserlân en Dútslân, wêrnei't hy op 3 desimber 1644 thús kaam. Tsien dagen letter waard er ûntfanger-generaal fan de provinsje. Omtrint twa jierren dêrnei (13 augustus 1647) waard hy ta grytman fan Skoatterlân keazen en beklaaide sûnttiid, binnen en bûten it gewest, de foarnaamste kommisjes. Ek wie er mei-kommittearre op de grutte gearkomste fan de Steaten-Generaal yn 1650. Op 19 july 1606 waard hy, ynstee fan Johannes Rhala, kurator oan Frjentsjerter Akademy. Hy die yn 1692 ôfstân fan de gritenij oan syn soan en waard op It Hearrenfean te hôf brocht.

Hy boaske op 21 septimber 1645 mei Martha, dochter fan de Riedshear Cornelis Kinnema en Romkjen Fockens (3 oktober 1629 - 7 jannewaris 1708 ), dy't him alve bern skonk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: