Danilov-kleaster

(Trochferwiisd fan Danilovkleaster)

It Danilov-kleaster (Russysk: Данилов монастырь, Danilov monastyr) is in stauropegiaal kleaster foar muontsen oan 'e rjochter kant fan 'e Moskva yn 'e Russyske haadsted Moskou. Sûnt 1988 stiet op it kleastergebiet de patriargale en synodale residinsje fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Danilov-kleaster
Данилов монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 42' N 37° 50' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting ein 13e iuw
oprjochter Daniël fan Moskou
opheffing 1929
weriepening 1983
Ynformaasje bou
boujier 16e- en 19e iuw
boustyl barok, klassisisme
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771420418290006
Webside
msdm.ru
Kaart
Danilov-kleaster (Moskou)
Danilov-kleaster

Nei de Russyske Revolúsje wie it Danilov-kleaster it lêste kleaster fan Moskou dat op lêst fan 'e bolsjewistyske autoriteiten sletten waard. It Danilov-kleaster wie letter ek it earste kleaster, dat nei in lange tiid fan ferfal en ûntwijing werom jûn waard oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.

It kleaster waard yn de jierren 1298-1300 stifte troch prins Daniël, de soan fan Aleksander Nevski. It kleaster waard oan Daniël de Pylderhillige wijd. De prins ferstoar al gau nei't er syn kleasterûnthjitten dien hie en hy waard by it kleaster begroeven. Yn 1791 waard de prins troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre.

 
It kleaster yn de 19e iuw.

Yn 1330 ferhûzen de bruorren fan it kleaster nei in nij kleaster yn it kremlyn. Alles wat oerbleau fan it âlde kleaster wie in tsjerkhôf, oant Ivan de Ferskriklike it kleaster yn 1560 nij libben ynblaasde. Moskou waard yn 1591 bedrige troch de Krim-Tataren en it gebiet om it kleaster hinne waard fortifisearre en in kamp foar de troepen. Yn 1610 rekke it kleaster yn de Tiid fan Unstjoer (1598-1613) troch in rige fan militêre skermutselings slim skeind.

Oan it begjin fan 'e 17e iuw waarden om de kleastergebouwen hinne stiennen muorren mei sân tuorren boud. Yn 1812 folge de plondering fan it kleaster troch de troepen fan Napoleon Bonaparte. De tsjerken waarden leechrôve, mar de tsjerkeskatten koene noch yntiids oerbrocht wurde nei Vologda en it Trije-ienheid-Sergius Lavra. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw bloeide it kleaster wer op. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waarden op it tsjerkhôf fan it kleaster in soad skriuwers, keunsters en gelearden begroeven. Dêrûnder wiene û.o. de skriuwer Nikolaj Gogol, de skilder Vasili Perov, de dichter Nikolaj Jazikov, de filosoof Vladimir Solovjov en de musikus Nikolaj Rubinstein.

Nei it útbrekken fan 'e Russyske Revolúsje waard it kleaster yn oerienstimming mei it dekreet fan 'e skieding fan tsjerke en steat yn 1919 nasjonalisearre en formeel sletten. Yn oktober 1929 waard de Trije-ienheidkatedraal oerdroegen oan in ynstitút en de romte ûnder de tsjerke brûkt as pakhûs foar moal. Op 6 oktober 1930 moast it kleaster de kaaien fan alle gebouwen oerlangje. De oare deis waarden de reliken fan prins Daniël oerbrocht nei de Opstanningstsjerke, de parochytsjerke by de súdlike muorre fan it kleaster, dêr't de tsjerketsjinsten noch trochgyngen oant 1932. De Amearikaanske filantroop kocht de klokken fan it kleaster, dy't telâne kamen op de kampus fan 'e Universiteit fan Harvard. Yn 2008 kamen de orizjinele klokken werom nei't Harvard replika's krige. De gebouwen waarden sûnt 1930 iepensteld foar de opfang fan dakloaze bern en jeugddelinkwinten. De tsjerken waarden fernield en ferboud, it tsjerkhôf waard ferneatige en yn 1931 waard in monumint foar Vladimir Lenin op 'e binnenhôf fan it kleaster oprjochte.

 
Tsjerke fan de hillige Faars fan 'e sân Oekumenyske Synoades.

Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 wie it kleasterkompleks in útsloerd spul. De poartetsjerke wie útleefd en de klokketoer dêrboppe ôfbrutsen. De Tsjerke fan 'e Hillige Faars fan de sân oekumensyske Synoades wie fan binnen folslein ferboud en as tsjerke net mear te werkennnen en de Trije-ienheidskatedraal hie syn koepels en de portiko's ferlern. Yn 'e hjerst fan 1982 fersochten patriarch Pimen en de synoade de autoriteiten om ien fan 'e eardere kleasters fan Moskou oer te dragen oan 'e Russysk-Ottedokse Tsjerke om dêr yn it ramt fan it millenium-jubileum fan 'de doop fan 'e Rûs' in tsjerklik sintrum te foarmjen. Op dat stuit waarden de gebouwen noch brûkt troch ferskillende organisaasjes.

 
Betinkingskapel (1988).

Alhoewol't it ynearsten foar mannichien hast net te leauwen wie, folge in positive reaksje en waard yn dit gefal net ien tsjerkegebou, mar sels it hiele kleasterkompleks, dat ek nochris yn it sintrum fan 'e Sovjet-haadstêd stie, oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn om dêr wer in aktyf kleaster te iepenjen. Mei help fan jild fan it patriarchaat en de parochy's waarden de gebouwen restaurearre om it spirituele en bestjoerlike sintrum fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke te wurden. Yn 'e simmer fan 1988, doe't it millenium fan 'e doop fan Ruslân fierd waard, krige de Tsjerke fan de Hillige Faars syn rekonstruëarre ikoanen en ikonostaze werom en waarden der nije kapellen byboud. Der waard in museum iepene mei in útstalling fan manuskripen, âlde boeken, gravueres, portretten, foto's en persoanlike besittings fan 'e ynwenners fan it kleaster. Ek sette it kleaster útein mei it jaan fan kategeze oan folwoeksenen.

Trije-ienheidkatedraal

bewurkje seksje
 
Trije-ienheidkatedraal.

De Trije-ienheidkatedraal waard op kosten fan in pear hannelslju yn 1838 yn let-klassisistyske foarmen boud. De katedraal waard yn 'e jierren 1930 ferboud en oanpast oan 'e nije funksje foar de opfang fan dakleaze jongerein. Yn 'e yn 1986 restaurearre en diels rekonstruearre katedraal wurde de reliken fan prins Daniël bewarre.

Tsjerke fan de hillige Faars fan de sân Oekumenyske Synoades

bewurkje seksje

De Tsjerke fan 'e hillige Faars fan 'e sân Oekumenyske Synoades is in kompleks gebou en bestiet út ferskate boudielen. De basis wurdt foarme troch de Foarbeatsjerke, wylst de boppe- of simmertsjerke yn 1729 tafoege waard yn 'e foarmen fan 'e Moskouse barok. Boppe de tagong fan 'e beneden- of wintertsjerke waard yn 1752 oan 'e westlike galery fan 'e simmertsjerke noch in tredde tsjerke oanboud. It gebou bestiet dus út twa simmertsjerken en ien wintertsjerke. De restauraasje fan 'e tsjerke fûn plak yn 'e jierren 1970-1980 en waard yn 1988 op 'e nij foar de earetsjinst ynwijd.

Tsjerke fan Siméon de Pylderhillige

bewurkje seksje
 
Tsjerke fan Siméon de Pylderhillige.

De tsjerke datearret ut 1732 en waard û.l.f. de arsjitekt Ivan Fjodorovitsj Mitsjûrin boppe de poarte fan it kleaster boud. De toer boppe it barokke tsjerkegebou waard yn 'e kommunistyske tiid ôfbrutsen, mar is yn 'e jierren 1984-1988 rekonstruearre.

Tsjerke fan Serafim fan Sarov

bewurkje seksje

De bou fan 'e Serafimtsjerke waard begûn yn 1984, wylst de konsekraasje yn 1988 plakfûn. Yn 'e tsjerke wurde de roazekrâns en in diel fan 'e mantel fan 'e Russyske hillige Serafim fan Sarov bewarre.

Fierder binne der in betinkingskapel út 1988 en in kapel dy't yn it ramt fan it milleniumfeest fan 'e doop fan Ruslân op it kleasterplein boud waarden. Oare gebouwen lykas de sellen fan 'e bruorren binne fral 19e-iuwsk.

 
Residinsje.

De arsjitekt Joeri Romanovitsj Pabaev boude yn it ramt fan 'e weriepening fan it kleaster yn it westlike diel de twa ferdjippings tellende residinsje foar de Hillige Synoade en de Patriarch. Op 'e twadde ferdjippings waard in tsjerke ynrjochte, dy't oan alle Russyske hilligen wijd waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: