Haadmenu iepenje
Lenny Kuhr en David Hartsema op Schiphol yn 1969

David Hartsema (Sâltkamp, 11 febrewaris 1925 - Lauwerseach, 14 febrewaris 2009) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en keunstner. Hy wie lange tiid de fêste tekstskriuwer fan Lianne Abeln.

Hartsema skreau likernôch 900 gedichten en lietteksten yn it Grinzersk, Frysk, Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. Foar de RONO makke hy bydragen foar it kabaretprogram 'Wat anners', wêrút ek de lange gearwurking mei sjongster Lianne Abeln ta stân kaam. David Hartsema ûntfong yn 1985 tegearre mei de sjongster de earste K. ter Laan Priis, de kulturele priis fan de provinsje Grinslân, foar harren heule wurk.

Hartsema skreau ûnder oare it liet 'De Troubadour', wêrmei't Lenny Kuhr yn 1969 it Eurofyzjesongfestival wûn.

Fan him is ek it boek De meesterdief uit de Wouden (Lauwerseach 1990) mei as ûndertitel: Verhalen uit het oude Friesland. It lêste haadstik is mear in kronyk en hjit Friesland in de negentiende eeuw.