De Braaid
De Braaid (Ingelsk: The Braaid) is it stee mei in Keltysk rûnhûs út de Izertiid en twa Noarske langhuzen yn it buorskip Marown op it eilân Man; dy oerbliuwsels wize op bewenning oant de 11e of 12e iuw ta. Ynearsten waard it fûnemint fan it rûnhûs oansjoen foar in stiensirkel.
It stee is frijwat unyk, omdat dêr in gebou út de Izertiid en gebouwen yn de Wytsingestyl bewarre bleaun binne, dy't ek tagelyk brûkt binne.
It plak leit tusken de delsetting Braaid en de berch Murray. Tichtby leit ek it Broogh Fort.
Literatuer
bewurkje seksje- Christine Fell, P. Foote, James Graham-Campbell, R. Thompson: The Viking Age in the Isle of Man: select papers from the Ninth Viking Congress, Isle of Man, 4-14 July 1981. Londen: Viking Society for Northern Research 1983, ISBN 0-903521-16-4
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |