De Deur (Ljouwert)

Evangelie gemeente De Deur is in evangelyske gemeente oan 'e Swemmerstrjitte yn Ljouwert. It is ien fan 'e mear as sechtich gemeenten fan it tsjerkegenoatskip yn Nederlân, dat yn Ljouwert út Swol wei stifte waard.

De Deur
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Swemmerstrjitte
koördinaten 53°11' N 5°49' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske gemeenten
Webside
De Deur, Ljouwert
Kaart
De Deur (Ljouwert)
De Deur

Evangelyske gemeente De Deur hat woartels yn 'e Jezusbeweging fan 'e jierren 1960 en is sûnt 1989 aktyf yn Ljouwert.[1] Sûnt it jier 2000 hierde De Deur de eardere grifformearde Skrânstsjerke, nei't De Deur earder it ûnderkommen oan 'e Foarstreek fanwegen de brânfeiligens ferlitte moast.[2] Tsjintwurdich komme de leden yn in gebou oan 'e Swemmerstrjitte byinoar.

De gemeente kocht yn 'e maityd fan 2016 in oangrinzgjend pân oan fan in earder bedriuw. Mei help fan frijwilligers waard de tsjerkeseal fergrutte, der kaam in poadium mei in konsertfasiliteit foar eveneminten en der waarden nije romten foar de opfang fan bern en Bibelstúdzjes ynrjochte.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: