De Ferbining
De Ferbining is in keunstwurk fan de Snitser keunstner Dirk Hakze. It waard makke yn opdracht fan de Gemeente Skarsterlân. It byld stiet op de rotonde oan de ein fan de Hurddraversdyk / Sewei by yndustryterrein De Wâldfinnen.[1] Tsjin it byld waard mei spandoeken lange tiid protestearre.
De Ferbining | ||
keunstwurk | ||
De Ferbining | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2001 | |
keunstner | Dirk Hakze | |
materiaal | rustfrij stiel | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | minyrotonde Hurddraversdyk/Sewei |
Binnenyn de rotonde is in heuvel makke. Op de heuvel stiet in 'tafel' dêr't in dikke balstien op leit. Trije metalen sirkels steane rjocht oerein om de tafel en binne op healwei mei elkoar ferbûn. Op elk fan de sirkels sit in reade, blauwe of giele bal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |