De Friesche Vlag (sjerp)

sjerp

De Friesche Vlag is in sjerpmerk dat makke wurdt troch de Suikerunie mei in fabryk yn Roosendaal (Noard-Brabân). Dêr komt ek de skinksjerp fan Van Gilse wei. Sjerp waard in soad brûkt oer sûpengroatenbrij, op bôle en op pankoeken.

De firma Everts, Adema en Co (EAC) ûntstie doe't Gerrit Everts en Epke Adema yn 1858 in jirpelmoalfabryk oprjochten yn Huzum. It byprodukt sjerp waard makke út it setmoal fan de jirpels dy't oer de Wurdumer Feart en De Potmarge oanfierd waarden. By it prosedee ûntstie earst wite sjerp, mar troch lang bleatstellen oan de bûtenloft ûntstie in swarte kleur troch rotsjen [1]. Nei in twadde bewurking ûntstie swarte sjerp, dêr't dan ek noch sûkersjerp fan sûkerbiten by dien waard.

It Huzumer sjerpfabryk waard yn 1928 oernomd troch glukoazefabryk Verwey Spoorenberg yn Tiel yn in tiid dat der jirpels ferboud waarden. It merk De Friesche Vlag wurdt meast yn Noard-Nederlân ferkocht, yn it suden hjit it "De Zeeuwse boerin". De bekers dêr't de sjerp yn sit wurde makke troch it Finske bedriuw Huhtamaki.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. de lucht fan switfuotten dy't der by frijkaam, hiene in soad Ljouwerters it mier oan
  • Ljouwerter Krante, 4 febrewaris 2012, side 37 "Werken & Leven".