De Grúts (Kollumerlânsk en offisjeel: De Gruuts) is in feart yn de gemeente Kollumerlân. De feart begjint west fan It Grutte Ear by Boerum en rint dan yn noardlike rjochting nei de Gruutswei west fan Warfstermûne.

De namme De Gruuts jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gruyts.