De Grytman is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst los publisearre yn 1847, mar letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma gearfoege ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. De Grytman is in soarte fan protestliet wêryn't de dichter him oankantet tsjin 'e korrupsje fan 'e politike hegerein yn it Fryslân fan 'e njoggentjinde iuw.

De Grytman
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1847, Ljouwert
bondel Rimen en Teltsjes (sûnt 1871)
De Grytman
Ik woe wol dat ik grytman wie,
Sa'n amt stiet my wol oan.
Dat baantsje is ek gâns net swier,
En it fertsjinnet skoan.
It rjuchthûs sit der hearlik op,
Men smookt en drinkt der ta.
En jout mynhear in foarstel op,
Dan seit d' assessor: "Ja!"
Wol er leaver swije,
Nigen is faak genôch.
O, wat binne dy hearen
Bargen oan 'e trôch.


Har feinten haww' s' ek goedkeap,
Want d' earme gritenij
Jout jild en dan noch op 'e heap
In moaie liverei.
En hat mynhear in podagra,
Is hy fan reizgjen frij.
In rinner bringt de brieven ta,
Dy skikt de gritenij.
Wol mynhear út jeien,
Boeren sjaggelje mei.
Wa lykje dy sloven?
Lammen oan 'e wei.
En wol mynhear it wurd ris dwaan,
En falt it praat him swier,
Siktaris hat er by de hân,
Dat is syn offisier.
En is 't ferstân net al te great,
Is him de saak net klear,
Dy leit him alle dingen bleat
En sprekt mar foar mynhear.
Fjirtjinhûndert gûne
En sa'n tsjerkfâdij
Is in akkefytsje,
It komt der aardich by.


Mar komt er soms jit wat tekoart,
Hy skriuwt in omslach út,
En oft de boargerij al moart,
Beteljen is 't beslút.
Wêr, sis my, is yn 't hele fjild,
Sa'n hear as grytman is?
Wa komt sa maklik oan it jild?
Net ien, dat is gewis.
Kom, myn goede Friezen,
Ofskou en swij.
Wês no mar tige fleurich,
't Sjongen is dochs foarby.


'k Woe dochs net dat ik grytman wie
Fan 't brea fan d' earme man.
Sok jild misgun ik him gjin hier,
De flok dy kleeft deroan.
Sa'n hûnebaas fan 't heech bestjoer,
Op it lâns tichelwurk,
Is der by alle Friezen oer.
Dy heart no by de Turk.
Lied no mar de klokken;
Alde gritenij wurdt
In blide deade,
Sa sjonge wy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: