De Ikelbeam
De Ikelbeam wie in feriening fan houtfikers yn Bûtenpost mei as lieder Johan Christiaan Bohmers.
Johan Christian liet him yn 1937, doe er yn tsjinst kaam fan organisaasje Ahnenerbe, 'Assien' neame om wat Germaansker te lykjen. Bohmers wie in stientiidûndersiker dy't oan de universiteit fan Grins wurke. De troch 'De Ikelbeam' brûkte motiven waarden ûntliend oan de Fryske folkskeunst en it Fryske ferline út de stientiid. De produkten fan De Ikelbeam waarden troch Bohmers ferkocht op syn reizen troch Europa.
Bohmers waard ek yn ferbân brocht mei de fynsten fan amateur-archeolooch Tjerk Vermaning.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ikelbeam, De. |