De Jiske fan de Wide Stege
De Jiske fan de Wide Stege is in wikselpriis fan Muorrekeatsferiening De Wide Stege yn Jirnsum. De clubkampioen by de hearen (inkelspul) wurdt hieltyd foar in jier hâlder fan de priis. De priis is ynsteld yn jannewaris 2009 op it earste toernoai fan de club.
De priis is in yn goudkleur opspuite kistke mei dêryn in ballekoker. Yn dy ballekoker, dy't de foarsitter fan de club op 3 jannewaris 2007 krigen hat fan wrâldkampioen muorrekeatsen William Polanco, sit de eigenlike jiske fan de club. Op it earste clubkampioenskip hat eltse dielnimmer "eat fan him/harsels" offere oan de priis. Dy yngrediïnten binne tegearre mei de statuten fan de club mei sterke drank ferbaarnd. De oerbliuwsels foarmje De Jiske fan de Wide Stege. It kistke befettet fierder twa rubberen muorrekeatsballen yn de clubkleuren fan de feriening, blauwe en oranje.
De priis is ynspirearre op de ferneamde "Ashes". In prestisjeuze krikketpriis dy't om de twa jier ynset is fan in sportyf treffen tusken de nasjonale teams fan Ingelân en Austraalje.