De Kraai (mole)

(Trochferwiisd fan De Kraai)

De Kraai is in nôtmole yn Westbroek yn de provinsje Utert.

De Kraai
mûne / mole
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plak Westbroek
adres Westbr. Molenweg 26
koördinaten 52°08' N 5°07' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 25,40 / 25,42 m
boujier 1880
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 26516
Kaart
De Kraai (Utert)
De Kraai

De mole waard yn 1880 boud as ferfanging fan in wipnôtmole. Dy wipmole wie eigendom fan de famylje Schuurman sûnt 1877. By de bou fan de mole waard gebrûk makke fan in mole út 1839 út Amsterdam. Yn 1958 krige by in grutte restauraasje de mole selsswichting en waard geskikt makke foar elektrisiteitsopwekking. Dêrtroch is it oarspronklike gongwurk fan de mole foar it grutstepart ferlern gien. Botte súksesfol wie it systeem net en de mole kaam dan ek stil te stean. Yn 1995 waard it wjukkekrús yn âlde steat werombrocht nei it âldhollânsk systeem mei seilen en kaam de mole wer sa no en dan op frijwillige basis yn bedriuw. Sûnt ± 2004 stie de mole troch efterstallich ûnderhâld stil. Ein juny 2008 waard bekend dat de mole in subsydzje krige om restaurearre te wurden. Healwei 2011 waard mei de restauraasje útein set. Op 25 juny 2012 wie it proefmeallen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje