De Oosterpoort
De Oosterpoort is in kultuersintrum yn Grins, dat yn 1975 iepene waard yn in nijboud gebou. It gebou stiet fuort besúdeasten de binnenstêd oan de Trompsingel oan de noardrâne fan de Oosterpoortwyk.
De Oosterpoort hat twa konsertsealen. De grutte seal, foar in part mei amfiteater, hat 1150 sitplakken. By it ûntwerpen fan dy seal hat ûndersyksynstitút TNO besocht om de unike akoestyk fan de ôfbrutsen konsertseal De Harmonie sa goed at koe nei te meitsjen. Dat slagge lykwols net, meidat it in folslein oar soarte seal oanbelange. De lytse seal hat 450 sitplakken. It kompleks hat in ûndergrûnske parkeargaraazje dêr't auto's mei in LPG-ynstallaasje net yn meie.
Fêste spiler yn De Oosterpoort is it Noard Nederlânsk Orkest. It Noorderslagfestival wurdt dêr ek alle jierren holden.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Oosterpoort (Groningen) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |