De Reis nei de Jichtmasters
De Reis nei de Jichtmasters is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e twadde printinge fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Yn De Reis nei de Jichtmasters jout Halbertsma in fermaaklik byld fan 'e syktocht fan in man om genêzing fan syn kwaal by in medyske stân dy't benammen mei de eigen ponge dwaande is. Dêrmei nimt er mei mylde spot syn eigen beropsgroep (hy wie dokter) op 'e hak.
De Reis nei de Jichtmasters | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Eeltsje Hiddes Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | koart ferhaal | |
1e publikaasje | 1829, Dimter | |
oarspr. útjwr. | fa. J. de Lange | |
bondel | De Lapekoer fan Gabe Skroar (no: Rimen en Teltsjes) |
Ynhâld
bewurkje seksjePibe, de heit fan Gabe Skroar, rekket oanhelle mei jicht, wat er sels in 'hûnemiezel' neamd. Hy leit suver krom fan 'e pine en kin neat mear. Syn frou Saske makket in húsmiddeltsje foar him, dat lykwols neat jout. Dan komt de pastoarske del, dy't in oar húsmiddeltsje hat, dat likemin helpt. Master Freark, de pleatslike dokter, wurdt der dan by helle, dy't benammen geduld oanriedt, mar dêr hat Pibe net safolle fan. Dat hy reizget nei Frjentsjer ta, dêr't ien fan 'e perfesters oan 'e Universiteit fan Frjentsjer him (tsjin betelling) iten oanriedt dêr't er noch nea fan heard hat, en it dragen fan sidene klean dy't er net betelje kin.
Dêrop reizget Pibe nei Ljouwert, dêr't de boal ek mient dat er wat fan genêskunde ôfwit. Dyselde docht him in lang wynsel om en jout him in potsje salve mei, dat lykwols ek neat jout. Uteinlik hellet Gabe master Freark der wer by, dy't nochris syn rie oer geduld werhellet, mar seit dat se oars marris yn Grins sjen moatte, by syn eigen âlde learmaster Pfificus. De reis giet earst oer Boalsert, dêr't Saske jern nei de wever bringe moat. Dy wever, Toon, is in poep dy't mient dat moster in wûndermiddel foar alle kwalen is.
Ienris yn Grins arrivearre, kriget Pibe fan dokter Pfificus in fleske mei in middeltsje mei, dat lykwols op 'e weromweis mei de koets brekt, sadat al it djoere guod ferpuozze rekket. Se binne dan earne yn 'e Wâlden, en ien by de herberge dêr't se stilhâlde, riedt harren oan om nei in pleatslike krûdedokter ta, dy't de namme hat in duvelbander te wêzen. Dy giet oer Pibe gear, en hoewol't dat efter sletten doarren bart en Gabe net krekt wit wat der foarfalt, is syn heit der neitiid eang fan. Oft it middeltsje dat de duvelbander Pibe meijout, wol wurkje soe, dat komt nimmen te witten, want as se wer thúskomme, docht al rillegau bliken dat it gjin jicht is, mar in ûntstekking, en as it abses trochstutsen wurdt, is Pibe al rillegau wer de âlde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|