De Salvator (Ljouwert)

De Salvator is de tsjerke fan de Evangelyske Gemeente yn Ljouwert. It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint.

De Salvator
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Archipelwei 133
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1962
arsjitekt E. en L.H. Reitsma
offisjele webside
De Salvator

De Salvator waard foar de grifformearde gemeente boud neffens it ûntwerp fan de arsjitekten E. Reitsma en L.H. Reitsma. Nei't de grifformearden yn de oanbuorjende wyk Kammingabuorren De Skakel bouwe lieten [1] wie De Salvator oerstallich wurden. De Salvator waard troch de grifformearden fan de hân dien en fan ôf 1996 waard it gebou yn gebrûk nommen troch de Evangelyske Gemeente.

It oarspronklike oargel fan De Salvator waard yn 1966 boud troch de firma L. Verschueren út Heythuysen. Yn 2003 ferhûze de firma Slooff út Lekkerkerk it instrumint nei de Paulustsjerke fan Gouda.[2]

Yn 2014 ûndergyng it ynterier fan de tsjerke in renovaasje, dêr't likernôch santich frijwilligers oan meiwurken. Feroarings wiene in grutter poadium, in ferbettere akûstyk, nije ferljochting en de tsjerke krige in klimaatsysteem.[3]

Karakteristyk foar de gemeente is dat in soad leden fan de tsjerke jonge minsken binne. De tsjerke hat 550 sitplakken. Neffens eigen sizzen fan De Salvator komme der sneins trochinoar 350 folwoeksenen en 130 jongeren op 'e tsjerketsjinsten ôf.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: