De Skeakel (Ljouwert)

De Skeakel (offisjeel: De Schakel) is it tsjerklike sintrum fan de protestantske wykgemeente Kammingabuorren oan de Havingastate yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke en De Fontein foarmet De Skeakel de "Protestanske Gemeente fan Ljouwert".

De Skeakel
bouwurk
Ljouwert, PKN-tsjerke De Skakel.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
plak Flag of Leeuwarden.svg Ljouwert
adres Havingastate 7
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1993
arsjitekt Arsjitektenburo Anne van der Meer, Drachten
offisjele webside
Prot. gemeente Kammingabuorren

SkiednisBewurkje

 
Liturgysk sintrum

De tsjerke waard yn 1993 boud.[1] Foar de bou fan De Skeakel waard de grifformearde Salvatortsjerke opjûn. Fan ôf it begjin hat De Skeakel in tsjerke west, dêr't herfoarmen en grifformearden fan it noardeastlike gebiet fan Ljouwert tsjerkje.

Yn de tsjerke binne inkelde moderne keunstwurken te sjen. In piipoargel ûntbrekt yn de tsjerke, yn stee dêrfan is der in elektroanysk oargel en in konsertfleugel oanwêzich.[2][3].

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: