De Strijd om de Stad
film út 1978 fan Pieter Verhoeff
De Strijd om de Stad is in film fan regisseur Pieter Verhoeff (1938-2019) út 1978.
It is in dramatisearre dokumintêre oer de stedsfernijing yn Amsterdam. De film lit de striid sjen fan in idealistysk amtner fan Folkshúsfêsting mei projektûntwikkelders, politisy en aksjefierders. Wa krijt gelyk oer de fraach wat der barre moat mei de fernijing fan de stêd? It senario foar dizze film skreau Pieter Verhoeff tegearre mei skriuwer Bernlef.