De tuorren fan Skimerwâlde
De tuorren fan Skimerwâlde (Frânsk: Les Tours de Bois-Maury) is in realistysk tekene histoaryske striprige dy't him ôfspilet yn de Midsiuwen yn it tiidrek fan de krústochten. It ferhaal en de tekenings binne fan Hermann. De earste tsien dielen binne yn Nederlân ferskynd by útjouwerij Arboris, mar wurde tsjintwurdich op 'e nij útjûn troch Glénat Benelux. Fan diel alve ôf giet de rige fierder ûnder de namme Skimerwâlde. De twa lêste parten binne ek mei skreaun troch Yves Huppen, de soan fan Hermann.
It ferhaal
bewurkje seksjeDe wichtigste persoan yn de rige is Aymar fan Skimerwâlde. Hy is in doalende ridder en wurdt tidens syn kwestje troch syn skyldfeint Olivier beselskippe. Op ien of oare wize is Aymar syn foarâlderlik kastiel en grûnbesit (Schermerwoude, yn it Frânsk: Bois-Maury) kwytrekke en wol er it werom oermasterje. In hieltyd weromkommend motyf is de rjochtfeardige en goede Aymar dy't libbet yn in wrede wrâld, fol wredens en kwea.
Albums
bewurkje seksje- Babette (1984)
- Eloïse de Montgri (1985)
- Germain (1986)
- Rainhardt (1987)
- Alda (1988)
- Sigurd (1990)
- William (1990)
- Le Seldjouki (1992)
- Khaled (1993)
- Olivier (1994)
- Assunta (1998])
- Rodrigo (senario Yves H., 2001)
- Dulle Griet (senario Yves H. 2006)
- Vassya (senario Yves H 2009)
- Oeil de ciel (senario Yves H., 2012)
- HS. Itinéraires de Bois-Maury (2006)