Meindert Tjoelker
(Trochferwiisd fan Dea fan Meindert Tjoelker)
Meindert Tjoelker (Hoarn, 14 jannewaris 1967 - Ljouwert, 13 septimber 1997) wie slachtoffer fan sinleas geweld.
Dea
bewurkje seksjeMeindert Tjoelker en trije fan syn freonen seagen op 13 septimber 1997, syn frijfeintedei, dat fjouwer mannen yn de binnenstêd fan Ljouwert in fyts yn it wetter smieten. Doe't Tjoelker dêr wat fan sei bruts in gefjocht út tusken de acht. Hjirby skopten de fjouwer him dea.
Fûnis
bewurkje seksjeOp 24 desimber 1998 waarden de twa wichtichste fertochten yn heger berop feroardiele ta twa-en-heal jier finzenisstraf. De tredde waard ta 180 oeren tsjinstferliening feroardiele, wylst de fierde fertochte 13 april 1999 frijsprutsen waard.
Neitins
bewurkje seksjeYn septimber 1998 waard yn Ljouwert op it plak fan it gefjocht in tinkstien foar Meindert Tjoelker ûntbleate.