Deenske Gouden Iuw

De Deenske Gouden Iuw is de oantsjutting foar in tiidrek fan kulturele bloei yn Denemark yn de earste helte fan de 19e iuw, skaaimerke troch in realistische styl dy't ûngefear tusken it neoklassisisme en romantyk ynsiet.

Kopenhagen yn 'e brân fan C.W. Eckersberg (1807)

Histoaryske kontekst

bewurkje seksje

Om it jier 1800 hie Denemark, en fral ek Kopenhagen, te krijen mei oarloggen en rampen. It wiene minne tiden. Yn 1794 en 1795 waard Kopenhagen rekke troch grutte brânen dy't grutte dielen fan de stêd yn de jiske leine.[1] Dêrnei hie de stêd slim te lijen fan de Napoleontyske oarloggen. Benammentlik by de seeslach by Kopenhagen fan 1801 en de slach by Kopenhagen fan 1807, waard de stêd lange tiid bombardearre. De politike tastân wie wif, Noarwegen makke him los fan it Deenske ryk en yn 1813 waard it lân sels bankrot ferklearre.

De perioade fan weropbou dy't op dizze desastreuze tiid folge, makke lykwols in protte enerzjy los yn de Deenske mienskip. De yndustrialisearring en sadwaande ek de ekonomyske aktiviteit naam nei 1815 hieltiid mear ta. In nij fjoer en faasje kaam oer it lân en alle keunstfoarmen. Uteinlik soe dy perioade fral út reden fan har artistyke prestaasjes oantsjut wurde mei de Deenske Gouden Iuw. De ein fan dizze kulturele bloeiperioade wurdt meast om 1850 lein, dat hy duorre mar skraachwurk in heale iuw.

Ynfloeden en styl

bewurkje seksje

De Deenske Gouden Eeuw waard bot beynfloede troch de Dútske romantyk, mar ek sterk troch it neoklassisisme, dat yn Frankryk de toan oanjûch. Yn de skilderkeunst wiene ek de Hollânske masters út de 17e iuw in wichtige inspiraasjeboarne. Al dy ynfloeden hiene in eigen strak stilearre foarm fan realisme as resultaat, fermongen mei romantyske symbolyk, dy't de midden hold tusken ideaal en werklikheid. Ek in stikje patriottisme, fanút in nij nasjonaal bewustwêzen, die sines dêrta.

De Deenske Gouden Iuw hat in soad grutte nammen yn de literatuer en de filosofy opsmiten, mar de strakke realistyske styl krige dochs it meast stal yn de skilderkeunst, de arsjitektuer en de byldhoukeunst. De Keninklike Deenske Keunstakademy, dêr't yn dy tiid in sterke geast fan fernijing hearske, spile dêrby in wichtige katalysearjende rol. In protte keunstners út de Deenske Gouden Iuw sochten harren inspiraasje ek yn it bûtenlân. Tusken 1820 en 1840 wie der bygelyks frijwat grutte Deenske keunstnerskoloanje yn Rome.

Keunstners en wittenskippers

bewurkje seksje

Grutte nammen út dit tiidrek binne:

  • Bøgh Rønberg, Monrad, Linnet: Twee gouden eeuwen. Schilderkunst uit Nederland en Denemarken. Waanders Zwolle / Ryksmuseum Amsterdam, 2001. ISBN 90-400-9527-2

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch ek: Brân fan Kopenhagen (1728)