Delta Schuitenbeek

Delta Schuitenbeek is in natoerûntwikkelingsgebiet tusken Nulderhoek en de Nijkerkerslûs. It gebiet is tusken 2001-2002 oanlein troch Rykswettersteat. Oan de súdkant fan it Nuldernau is bylâns de besteande seedyk in nije ôfliedingsdyk boud mei in lingte fan 3793 meter. Troch it ferlizzen fan de mûning fan de Schuitenbeek rint it wetter, dat sterk fersmoarge is mei fosfaten en nitraten, net mear streekrjocht yn it Nuldernau, mar fia de delta rjochting de Nijkerkerslûs. Sa moat yn de delta in moerasgebiet ûntstean dêr't it fersmoarge wetter fan de Schuitenbeek trochhinne streamt. De algengroei moat sa fermindere wurde yn it Nau en de oare Rânemarren. In lege daam soarget derfoar dat it wetter yn it moeras net yn kontakt stiet mei it Nuldernau. Sa ûntstiet in nij natoergebiet dy't ûnderdiel is fan de Ekologyske Haadstruktuer. Yn de delta stiet in observaasjehutte. Op oare plakken as Hurderwyk, Seewolde en Elburch binne suveringsynstallaasjes boud. Fierder wurde de Rânemarren ferfarske mei wetter út de Flevopolders. It oerflak fan de delta is 57,8 ha., ûngefear 3800 meter lang en wikseljend fan breedte (tusken ± 40 en 300 meter).

Delta Schuitenbeek
Delta Schuitenbeek