Den Treek-Henschoten
Den Treek-Henschoten is in lângoed dat heart ta de Nederlânske gemeentes Leusden, Utertske Heuvelrêch, Woudenberg en Seist, besuden Amersfoort yn de provinsje Utert. It lângoed fan hast 2000 hektares is hielendal yn partikuliere hannen en leit op de oergong fan de streek fan de Utertske Heuvelrêch nei de Gelderske Fallei. It lângoed bestiet benammen út bosk mei oan de eastlike râne greiden en ikkers. Ferspraat yn de bosk lizze ek noch lânbougrûnen (Langeveen, 't Waswater, Droogmakerij), heidefjilden (Hazenwater, Treekerpunt), sânferstowings (Hazencasino, Kelderbosch) en vennen (Veenplas). Op it lângoed leit ek rekreaasjeplasse de Henschotermar en de Piramide fan Austerlitz.
De beneaming Den Treek-Henschoten komt fan it gearfoegjen fan twa lângoeden yn 1919. Lângoed Den Treek wie fan de iene staach fan de famylje De Beaufort en it Lândgoed Henschoten fan in oare staach fan dizze famylje. Beide landgoeden binne sûnttiid ûnder mienskiplik behear. Oan de eastlike râne bleau grûnbûne lânbou bestean, mar de rest fan it lângoed waard ynrjochte as in boskbedriuw, mei rjochte kavels en in hiel nije wegen- en padenstruktuer. Tsjintwurdich krijt rekreaasje yn de foarm fan wanneljen, fytsen en hynsteriden hieltiten mear omttinken en romte, krektas natoerbehâld en it ûntwikkeljen gfan nije natoer. Yn 2007 is ten noarden fan it rekreaasjeterrein Treekerpunt 30 hektaren produksjebosk kapt om plak te meitsjen foar heide.
It lângoed wurdt trochsnien troch de N224 en de N227. Yn de folksmûle wurdtt de krusing fan de Seisterwei en de Doornsewei 'Quatre Bras' neammd. Troch de oanlis fan de A28 yn 1986 waard de noardwestlike punt fan it lângoed ôfsnien. In dit stik leit no de golfbaan fan Golfklup De Hoge Kleij.
-
Treekerpunt
-
Poartegebou
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |