Denejild wie twangbetelling of belesting dy't heft waard om plonderingen en ferwoastingen trochde Wytsingen te foarkommen, of om in belis fan de Wytsingen ôf te keapjen.

In stien in Väsby, Sweden, dêr't op te lêzen stiet dat de wytsingen denejild bard hawwe yn Ingelân.

Benammen Ingelân wie slachtoffer fan dizze twangbetelling, mar ek de Friezen, Frankryk en de Baltyske steaten betellen Denejild.

De earste Ingelske betelling, yn 856, wie 10.000 pûnen (3.732 kg) sulver, dizze waard dien nei de oerwinning fan Wytsingen yn Esseks. De kening waard rieden troch aartsbiskop Sigeric fan Canterbury om it geweld fan de Wytsingen ôf te keapjen, en net de bewapene striid fuort te setten.

Kening Etelred II (± 968 - Londen, 23 april 1016) kocht twa jier frede fan de Denen mei 36.000 pûnen (13.436 kg) sulver.

Nei skatting is it totaal betelle bedrach troch de Ingelsken sa'n sechtich miljoen pence. Der binne mear Angelsaksyske munten fan dizze perioade fûn yn Denemark as yn Ingelân.

Runeynskripsjes op runestien U344 út Bårresta, jouwe oan dat ek de Sweden profitearren fan it Denejild. Yn dizze stien stiet te lêzen dat der trije kear Denejild helle is ûnder ferskate lieders:

in furstaÞis tursti * Þa van ulfr hafir onklati * Þru kialtakat Þit uas - Þurktil * Þa kalt knutr

Oersetting: "Mar Ulf hat trije denejilden yn Ingelân nomd. Earste wie mei Toste, twadde mei Thorkel en tredde mei Knoet".

Yn in konflikt oer de betelling fan dat "beskermjild", hawwe Friezen yn 873 Rodulf yn Eastergoa ferslein, wêrby't mear as 500 Denen op it slachfjild sneuvelen (Slach by Dokkum).

Rudyard Kipling hat de útdrukking "Denejild" wer bekend makke yn in gedicht wêryn hy alle lannen opropt om striidber te wêzen omdat swakte in oanfal of ôfparsing útlokket.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. That if once you have paid him the Danegeld,/ You never get rid of the Dane.