Denis Anatoljevitsj Monastyrski

Denis Anatoljevitsj Monastyrski, Oekraynsk: Денис Анатолійович Монастирський, (Khmelnytsky, 12 juny 1980Brovary, 18 jannewaris 2023) wie in Oekraynske advokaat en politikus dy't fan 16 july 2021 oant syn dea by in helikopterûngemak yn 2023 minister fan Ynlânske Saken fan Oekraïne wie.

Denis Anatoljevitsj Monastyrski
politikus
Offisjeel portret, 2021
Offisjeel portret, 2021
nasjonaliteit Oekraïnsk
bertedatum 12 juny 1980
berteplak Khmelnytsky
stjerdatum 18 jannewaris 2023
stjerplak Brovary, Oblast Kiëv
ûnderskiedings Oarder fan Fertsjinste 3e klasse (2022)

Libben en wurk

bewurkje seksje

Denis Monastyrski waard berne yn de tiid fan de Sovjet Uny. Hy is ôfstudearre oan de rjochtefakulteit fan de Khmelnytsky Universiteit foar Management en Rjocht. Hy studearre ek oan de Nasjonale Akademy fan Wittenskippen fan Oekraïne en promovearre yn de rjochten. Monastyrski wurke sûnt 2007 as advokaat.

Yn de oanrin nei de Oekraynske presidintsferkiezingen fan 2019 siet Monastyrski yn it team fan kandidaat en lettere presidint Volodymyr Zelensky as saakkundige op it mêd fan herfoarming fan de rjochtshanthavening. Hy stelde him kandidaat foar Zelenskyj's Sluha narodu partij by de Oekraynske parlemintsferkiezingen fan 2019 en waard keazen yn it Oekraynske parlemint. Dêr waard er haad fan de parlemintêre kommisje foar wetshanthavening.

Yn july 2021 folge er Arsen Avakov op as minister fan Ynlânske Saken fan Oekraïne.

Monastyrski kaam op 18 jannewaris 2023 om by in helikopterûngelok yn Brovary, in foarstêd fan Kiëv, wêrby't ek 14 oaren it libben ferlearen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch: de:Denys Monastyrskyj