Departemint Brabân

It departemint Brabân wie in Nederlânsk departemint yn it keninkryk Hollân fan 1807 oant 1810. De haadstêd wie beide kearen De Bosk.

Departemint Brabân
Departement Brabant
1807-1810
flagge wapen
Nog geen vlag Nog geen wapen
geografyske lokaasje

It departemint Brabân yn it keninkryk Hollân (oranje ûnderoan)
polityk
lân flagge fan Nederlân Keninkryk Hollân
haadstêd De Bosk
talen Nederlânsk
foarm Departemint fan it Keninkryk Hollân
ûntstien út Bataafsk-Brabân
opgien yn Twa Neten
Mûnings fan de Ryn
no diel fan Provinsje Noard-Brabân
sifers
ynwennertal
befolkingstichtens
oerflak

Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. It departemint Brabân kaam fuort út it departemint Bataafsk-Brabân dat part fan it Bataafsk Mienebest wie. De grinzen waarden justjes feroare. De Waal soe tenei de noardgrins fan Brabân wurde. Willemstêd waard fan it departemint Maaslân, earder it departemint Hollân, by Brabân foege.

Oeffelt, dat oant doe ta it Frânske departemint fan de Roer hearde, waard op 11 novimber 1807 by it keninkryk Hollân foege, en kaam by it departemint Brabân.

Lândrost fan it departement Brabân wie Paulus Emanuel Antonius de la Court (8 maaie 1807 - april 1810).

Op 16 maart 1810 waard it departemint Brabân, mank mei oare gebieten fan it keninkryk Hollân súdlik fan de Waal, ynlive by it Earste Frânske Keizerryk. It departemint waard yn twaen spjalte. It part westlik fan de Donge waard as it arrondissemint Breda oan it Frânske departemint Twa Neten tafoege. It eastlik part waard mei it anneksearre part fan Gelderlân súdlik fan de Waal it nije Frânske departemint Mûnings fan de Ryn.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.G.M. Sanders: Noord-Brabant in de Bataafs-Franse Tijd, 1794-1814, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom (2002), ISBN 90-6550-628-4
Departeminten fan it Keninkryk Hollân Border
AmstellânBrabânDrinteEast-FryslânGelderlânGrinslânFryslânMaaslânOeriselSeelânUtert
· · Berjocht bewurkje