Departemint Grinslân

(Trochferwiisd fan Departemint Grins)

It Departemint Grinslân bestie fan 1807 oant 1811. De haadstêd wie Grins. It departemint omfieme likernôch de hjoeddeiske provinsje Grinslân.

Departemint Grins yn 't giel rjochts boppe

Doe't it Keninkryk Hollân yn 1810 by it Earste Frânske Keizerryk ynlive waard, waard it departemint Grinslân yn 1811 gearfoege mei it Departemint Drinte ta it departemint Westeriems.