Der Passfälscher
Der Passfälscher (Ingelske titel: The Forger) is in Dútsk-Lúksemboarchske dramafilm út 2022. De film waard regisearre troch Maggie Peren. It is in filmbiografy oer de grafikus Samson Schönhaus (bekend as Cioma Schönhaus), dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich as joad yllegaal yn Berlyn wenne en dêr paspoarten ferfalske.
Der Passfälsscher | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Maggie Peren | |
produsint | Alexander Dumreicher-Ivanceanu Alexander Fritzemeyer Dietrich Kluge Martin Kosok Jutta Lieck-Klenke | |
senario | Maggie Peren | |
spilers | ||
haadrollen | Louis Hofmann | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Dútslân Lúksemboarch | |
premiêre | Berlyn, 13 febrewaris 2022 | |
sjenre | oarlochsfilm; drama; biografy | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 116 minuten |
Ferhaal
bewurkje seksjeCioma Schönhaus wennet yn Berlyn fan 1942 yn it grutte appartemint fan syn heit en mem, dy't earder al nei it easten deportearre binne. Ynearsten wennet er dêr allinne, dêrnei mei syn maat Det. Cioma lit him net fan 'e nasjonaalsosjalisten yntimidearje, hy jout him gewoan ûnder de minsken en dat liket him ek de bêste manier om 'ûnder te dûken'. Sa siket er mei syn maat as marineofsieren it nachtlibben, dêr't hja nammen en ferhalen brûke dy't hja út de oarloch opfandele ha. Cioma leart dêr ek Gerda kinnen, dêr't er fereale op wurdt.
Cioma wurket yn in fabryk dêr't wapens makke wurde, sadat er frijsteld is om tsjinst oan it front te dwaan. Hy hat foar de oarloch in grafyske oplieding hân en op in dei freget de abbekaat Kaufmann him om idintiteitspapieren nei te meitsjen foar minsken, dy't út Dútslân flechtsje wolle. Mei allinne wat inket, papier en in pinsiel, mar in fêste hân makket er papieren, dêr't er bonnen foar iten foar werom kriget.
It hûs fan syn âlden, dat no eigendom fan it Ryk is, wurdt op in dei fersegele om sa tefoarren te kommen dat der meubilêr ferdwynt. Cioma ferwideret it segel en makket in nepsegel klear foar it gefal der ynspeksje plakfynt. Det en hy begjinne sels it meubilêr te ferkeapjen, mar frou Peters, de widdo fan 'e konsjerzje fan 'e portyk,wurdt nijsgjirrich en kriget yn 'e rekken wat der geande is. Hja docht it útstel om de ferkeap fan 'e hearen oer te nimmen, ûnder it betingst dat hja it appartemint út moatte as alles ferkocht is. Cioma giet dêrmei akkoard.
Nei't Cioma al in skoft net mear foar Kaufmann ferfalske hat en hy syn wurk op 'e wapenfabryk kwyt rekket om't er faak te let op it wurk kaam en ek de bonnen foar it iten opreitsje, begjint er him hielendal te wijen oan de ferfalsking fan dokuminten. Yn in leechsteande saak begjint er tegearre mei in Ludwig Lichtwitz in printerij. Mei de sinten dy't er fan frou Peters krige foar it meubilêr fan syn heit en mem keapje Det en Cioma in lyts appartemint. Cioma neamt himsels no Peter Schönhausen, in amtner dy't oan in geheim projekt wurket.
Syn drystmoedigens soarget der hieltiten wer foar dat er him út drege sitewaasjes wit te rêden, mar de autoriteiten witte yntusken dat er al 300 paspoarten makke hat.
Rolferdieling
bewurkje seksjeNamme | Rol |
Louis Hofmann | Cioma Schönhaus |
Jonathan Berlin | Det Kassriel |
Nina Gummich | Frou Peters |
André Jung | Dietrich |
Luna Wedler | Gerda |
Marc Limpach | Kaufmann |
Produksje
bewurkje seksjeDe opnames fan 'e film fûnen fan 18 jannewaris oant 2 maart 2021 yn Dútslân en Lúksemboarch plak.
Premjêre
bewurkje seksjeDe film gie op 13 febrewaris 2002 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn premjêre.
Prizen/nominaasjes
bewurkje seksje- 2022: Nominaasje Bernhard-Wicki-Preis
- 2022: Nominaasje Vukovar Film Festival (Maggie Peren)