Der Verdingbub

film út 2011 fan Markus Imboden

De Verdingbub (yn Ingelsktalige lannen: The Foster Boy) is in film fan de Switserske regisseur Markus Imboden. De film kaam yn it jier 2011 út; spilet yn it begjin fan de jierren 1950 en klaget it Switserske adopsjesysteem oan, sa't dat noch lang yn de 20e iuw funksjonearre. De premjêre wie op 25 oktober 2011 yn Bern en mei 200.000 besikers yn njoggen wiken waard de film ien fan de meast súksesfolle films fan it lân.

Der Verdingbub
film
makkers
regisseur Markus Imboden
produsint Peter Reichenbach; Claudia Schröder
senario Plinio Bachmann
spilers
haadrollen Max Hubacher,
Sebastian Koch,
Lisa Brand,
Katja Riemann;
Stefan Kurt;
Max Simonischek;
Miriam Stein
skaaimerken
lân/lannen Switserlân
premiêre 2011
foarm langspylfilm
sjenre drama
taal Switserdútsk
spyltiid 110 minuten

Eftergrûn bewurkje seksje

Oant yn de jierren 1970 waard de soarch fan Switserske bern út gesinsferfangende hûzen, fakentiden wezen, oerdroegen oan boeren. De bern kamen dêr yn de kost en moasten yn ruil dêrfoar wurkje yn it boerebedriuw. Misbrûk as slaaf en mishanneling fan de bern kamen regelmjittich foar.

Ferhaal bewurkje seksje

Max is in wees en wurdt adoptearre troch de earme boerefamylje Bösiger yn it Emmental. Dêr nimt Max it plak yn fan in oare adopsjejonge (Verdingbub), dy't krekt earder ferstoarn wie. In leafdefol hûs fynt Max net en hy moat fuort yn it folle wurk. It sit de famylje Bösiger net mei, de rispinge mislearret, de boer drinkt en de boerinne liket in hurde, kâlde frou te wêzen dy't alle dûbeltjes twaris omkeare moat. It iennige besit fan Max is syn harmonika, dêr't er geweldich op spylje kin. Om't de boerinne noch wol ien foar de hûshâlding brûke kin wurdt Berteli, in famke fan fyftjin dy't net troch de eigen mem grutbrocht wurde koe, ek op de pleats ûnderbrocht.

Om it minste kriget Max in draai om de earen en oars wit de riem fan de boer him wol te finen. Jakob, de âldere soan fan de boer en boerinne, is net in hier better as syn âlden en mishannelet Max ek. It duorret net lang ear't de skoaljuf fernimt dat it net yn oarder is op de pleats. Hja besiket fergees help te sykjen by de boargemaster en de dûmny, mar it draait der op út dat it foar Max allinne mar slimmer wurdt. As Max op in dei in Argentynske tango op de radio by de skoaljuf heart begjint er te dreamen fan in reis nei Argentynje. Dêr soe hy faaks jild fertsjinje kinne mei syn harmonika en hy besiket Bertile oer te heljen om mei him mei te gean. Mar it rint oars want Jakob kin syn hannen net fan Berteli ôfhâlde en komt nachts regelmjittich by har op de keamer.

Rolferdieling bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje