Desktoppublishing

Desktoppublishing, of DTP, is it bewurkjen en opmeitsjen fan dokuminten foar drukwurk en dy’t dus meast bestimd binne foar publikaasje, lykas boeken, tydskriften, brosjueres en ynternetpublikaasjes, mei it brûken fan in persoanlike kompjûter. Desktoppublishingsoftware, lykas QuarkXPress of Adobe InDesign, is dêr spesjaal foar makke. Troch de bank nommen ferfange dy programma’s de tekstferwurkers en grafyske programma’s net, mar wurde se brûkt om de ynhâld dy’t mei dy programma’s makke is te sammeljen en te ferwurkjen: tekst, rasterôfbyldings (lykas ôfbyldings dy’t bewurke binne mei Adobe Photoshop) en fektorôfbyldings (lykas tekeningen/yllustraasjes dy’t makke binne mei Adobe Illustrator, of Macromedia Freehand). As it materiaal klear is foar publikaasje, kin DTP-software dy útfiere as Postscript of PDF, wat dan troch kommersjele drukkers brûkt wurde kin om drukplaten fan te meitsjen of streekrjocht út te printsjen.

Scribus, in softwarepakket foar desktoppublishing

Kompjûterbasearre typografy mei help fan in persoanlike kompjûter begûn yn 1978, doe’t it TeX-programma oantoande dat lettersetten fan deselde kwaliteit as yn publikaasjes mooglik wie op eltse sljochtweihinne saaklike kompjûter, en sels lange en komplekse opdrachten lykas boeken en tydskriften makke wurde koene fan in standert desktopterminal ôf. Foarhinne waard lettersetten dien mei meganyske (linotype en monotype) of elektromeganyske middels (fotofilm), of troch hiele djoere systemen basearre op mainframes of minykompjûters.

Desktoppublishing begûn yn 1985 mei it gearfoegjen fan Aldus Pagemaker (letter oernommen troch Adobe), de Apple Macintosh, en de Apple LaserWriter, foar $ 7000 de earste laserprinter dy’t Adobes Postscript-sidebeskriuwingstaal brûkte, ynklusyf de te skealjen lettertypes yn Type 1-formaat. De term ‘desktop publishing’ waard taskreaun oan Paul Brainerd, de stifter fan Aldus Corporation, as in marketingterm dy’t ferwiisde nei it brûken fan in kompjûter boppe op in buro (desk) foar it publisearjen (publishing) en makke ek in taspiling op Apples desktopmetafoar, dy’t brûkt waard om in echte desktop of buroblêd nei te dwaan.

De yntroduksje fan de Apple Macintosh en PageMaker makke daliks typografysk bewurkjen mooglik mei help fan de grafyske brûkersinterface; dat systeem neamden se yn it algemien 'what-you-see-is-what-you-get' ofwel WYSIWYG.

Njonken Aldus Pagemaker kamen der ek in soad oare pakketten op de merk, dêr’t QuarkXPress de bekendste fan is. Dy programma’s brûkten elk in hiele oare beneiering foar it meitsjen fan in printklear ûntwerp. Pagemaker wie in side-oriïntearre programma en QuarkXPress in objekt-oriïntearre programma. Foar beide beneierings waarden oanhingers fûn. Yn guon lannen ferôvere QuarkXPress al gau de noch amper besteande merk, yn oare lannen bleau Pagemaker (letter In-Design) de favoryt. Nederlân hearde by de lannen dêr’t QuarkXPress al gau de bêste posysje ferôvere troch in agressyf ferkeapbelied fan de ymporteur. Dat nettsjinsteande de folle hegere priis en it brûken fan kopiearbefeiliging yn de foarm fan in saneamde dongel, wylst Pagemaker dy befeiliging net hie en sawat in tredde gou fan wat foar QuarkXPress betelle wurde moast. Objektyf sjoen binne der arguminten genôch foar de ferskillende opset fan beide soarten programma’s. It objekt-oriïntearre QuarkXPress hie likefolle neidielen as foardielen foar it side-oriïntearre Pagemaker of In-Design oer. Mar wa’t wend is oan it iene systeem stapt net maklik oer nei it oare. Dochs kaam dat oerstappen yn Nederlân yn it begjin fan de 21e iuw wat langer wat mear foar.

Yn 1986 waard Ventura Publisher yntrodusearre foar de pc (persoanlike kompjûter). Dat joech de pc (yn de sin fan in pc mei Microsoft bestjoeringssoftware) ek de mooglikheid mei dekstoppublishing te wurkjen. Dat kaam, sjoen de noch beheinde mooglikheden dy’t it bestjoeringssystee fan Microsoft bea, earst net echt goed fan de grûn. De ûntjouwing fan DTP yn it algemien hat by grafyske profesjonals yn ’t earstoan in soad wjerstân oproppen troch it brûken fan de kompjûter troch leken. It like dat DTP allinnich late ta it minder wurden fan it einprodukt troch de ûnfolsleine kennis fan de brûkers oer grafysk ûntwerp en typografy.

De telefyzje- en radiokursus fan Teleac oer DTP om 1991 hinne fan 10 útstjoerings fan in healoere, dy’t 2 kear werhelle is yn Nederlân, en yn België sels mear kearen útstjoerd is, hat in bulte minsken ynteressearre yn de mooglikheden. Foar Teleac wie it de op ien nei súksesfolste kursus ea, mei in ferkeap fan kursusboek en lesmateriaal fan mear as 12.000 eksimplaren en in sjochtichtens fan mear as 100.000 de útstjoering.

Al nei’t de systemen foar de Mac better waarden, lutsen se dochs mear omtinken fan de profesjonele útjouwerswrâld. Doe’t ek de profesjonele programma’s fan de Apple Macintosh beskikber kamen foar de ûnderwilens ferbettere Windows-bestjoeringssystemen is ek yn de pc-merk it brûken fan DTP mandeguod wurden.

Tsjintwurdich binne sa goed as alle publikaasjes desktoppublishing. De superieure fleksibiliteit en faasje fan desktoppublishingsystemen hat de produksjetiid foar de publikaasje fan tydskriften in moai stik ynkoarte, wat mear útwurke lay-outs mooglik makke as oars mooglik west hie. Yn in soad lannen is de Apple Macintosh noch altyd de meast brûkte kompjûter as it om DTP of grafysk ûntwerp giet. Apple tanket syn súkses foar in grut part oan dizze tapassings.

bewurkje seksje
  • About Desktop Publishing-sectie van About.com. Bevat tutorials, FAQ's, lessen en discussies.
  • Typo.cz - informatie over Centraal-Europese typografie en letterzetten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: