Dette Glashouwer (Hylpen, 1960?), is in Fryske aktrise, mime-spylster en teätermakster út Amsterdam. Hja is famylje fan dûmny Willem Glashouwer sr., ien fan de oprjochters fan de Evangelyske Omrop.

Dette Glashouwer
akteur
(2014)
(2014)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dette Glashouwer
nasjonaliteit 1960
berteplak Hylpen
jierren aktyf 1987 - no
offisjele webside
http://www.detteglashouwer.com

Hja foarme mei Peer van den Berg en Henk Zwart Suver Nuver fan 1987 oant en mei 2008. Se makke ûnder oare de foarstellingen J.C. Superman (2003) skreaun troch Tom de Ket, Extase (2005/2006), Triple Bill (2006) en Zum wohl (2008). Suver Nuver spile in oantal lokaasjeprojekten op festivals lykas de Parade en Oerol. Moniek Merkx regissearre Dette yn in oantal produksjes fan Suver Nuver. Dêrneist spile hja yn de ko-produksje Bloedverwanten fan Max en Suver Nuver. Dette makke dêrnei solo-optredens. Troch de besunigings op keunst waard Glashouwer twongen har relaasje mei jild te ûndersykjen. Dêrom toerde se yn 2010 troch Amearika mei de ultra-low budgetfoarstelling Yes! To live and Love, wêrby't se by minsken útfanhúzjend en apparatuer by elkoar skarreljend yn sealtsjes en by minsken thús optrede. Hja wûn dêrmei de Media-matic-award.

Pieter Verhoeff makke yn 1999 in portret fan har yn "Dette's Memmetaal" en benammen har relaasje mei Fryslân (Hylpen) en it Frysk.

  • Money, money, money (2013)
  • Geld en genoeg (2010)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: