Dick van Zanten (Lienden, 28 maart 1936Beek, 17 july 2021) wie in (langebaan)reedrider, notaris en sportbestjoerder.

Van Zanten makke yn de jierren 1960 diel út fan de Nederlandse Kernploeg Langebaanschaatsen. By it Nederlânske kampioenskippen reedriden allround 1962 einige hy op it sechde plak. Syn tiden wiene: 500 m: 45.9 (11 ); 5000 m: 8.43,6 (7 ); 1500 m: 2.27,0 (8) en 10.000 m: 18.58,8 (7). Winner waard doe de wrâldkampioen allround 1961 Henk van der Grift.

Nei syn reedrydkarriêre waard er notaris yn ’s-Heerenberg, mar de sport liet him net los. Yn de jierren 1970 waard Van Zanten bestjoerlik aktyf yn de Koninklijke Nederlandsche Schaatsenrijders Bond (KNSB). Hy wie vice-foarsitter fan de KNSB yn 1984 yn de tiid fan it ynsidint mei it ferdwûne dopingkofferke mei de urine fan de reedriders Ria Visser en Yvonne van Gennip yn it Radboud Sikehûs yn Nijmegen. Hy wie dejinge dy't ûnderweis nei Davos net goed wurden bûnsdokter Rob Pluijmers op 14 jannewaris 1985 mei syn auto yn Dútslân ophelle. Tegearre mei direkteur Jurjen Osinga ûndernaam er fergees in wiidweidige speurtocht om de koffer boppe wetter te krijen.

Yn 1984 rjochte er Stichting Start op, dy't topreedriders maatskiplik begeliede soe. Fan 1997 ôf wie er Earelid by de KNSB.

Dick van Zanten wie in soan fan Johannes van Zanten, in fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy wie troud mei âld-reedrydster Lotte Oostendorp en hie twa dochters.

Van Zanten ferstoar op 17 july 2021 yn de âldens fan 85 jier.

Jier Tiid Kampioenskip
1962 6 NK Allround

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: