Diezerpoarte
De Diezerpoarte (Nederlânsk: Diezerpoort) wie in stedspoarte yn de stedsmuorre fan de Oeriselske haadstêd Swol dy't om 1475 hinne boud waard. De poarte stie op it plak dêr't de Diezerstjitte, hjoed-de-dei in wichtige winkelstrjitte, einiget en útrint op de Diezerpoartebrêge. Yn 1828 en 1829 waard de poarte ôfbrutsen en hjoed-de-dei docht de omfieming fan de eardere poarte yn it dykdek noch oan de poarte weromtinken. Ek de rûngeare foarm yn 'e muorre docht weromtinken wêr't de poarte eartiids stie.
Diezerpoarte Diezerpoort | ||
Oerbliuwsel fan de Diezerpoarte | ||
Op de poarte stie in byld fan de patroanhillige fan Swol, Sint-Michael. Dat byld is bewarre bleaun en is hjoed-de-dei te sjen yn de Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (de tsjerke fan de Piperbus).
De wenwyk Diezerpoort bûten de stedsgrêft is nei de poarte neamd, mar stie eartiids ek bekend as de Dieze of de Nijstêd.
Bûten de Diezerpoarte hie it Diezerpoartebolwurk op it hjoeddeistige Noardereilân, in ravelyn, in fiifkantich fersterke eilân bûten de stedsmuorren, dy't foar 1606 boud waard. Dat ekstra ferdigeningswurk moast de fijân fan de Nije Wetering, hjoed-de-dei it Almeloosk Kanaal, behinderje. Yn 1842 waard op it eardere bolwurk in badhûs boud. Hjoed-de-dei steane op it plak fan it bolwurk wenten en winkels. It strjitsje dy't der bylâns rint hjit de Badhuiswal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|